Sedemisdriuw: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L red
Rigel 1:
In '''sedemisdriuw''' is in [[misdriuw]] op seedlik gebiet, d.w.s. in frij swier [[strafber feit]] dat tsjin 'e seden (oftewol de noarmen en wearden) yngiet. Yn 'e regel hat soks te krijen mei seksualiteit.
 
===Sedemisdriuwen===
Sedemisdriuwen steane yn it [[strafrjocht (Nederlân)|Nederlânske strafrjocht]] fermeld yn it [[Twadde Boek (Misdriuwen) fan it Wetboek fan Strafrjocht]], t.w. de artikels 239 o/m 253. Dêrby moat men tinken oan saken as [[ferkrêfting]], [[ynsest]], [[seksuële oantaasting]], [[ûntucht]], [[twongen prostitúsje]], it [[prostituëarjen fan minderjierrigen]], it besykjen fan in minderjierrige [[prostituee]], [[bestialiteiten]], it produsearjen of besitten fan [[bernepornografy]] en/of [[bistepornografy]], en [[sekstoerisme]] (yn it bûtenlân). Under sedemisdriuwen falle wetlik sjoen ek guon saken dy't de measte lju wierskynlik net as sadanich beskôgje soene, lykas it ferkeapjen fan [[etanol|alkohoalyske drank]] oan immen dy't al dronken is, en it ta beskikking stellen fan in bern dat jonger is as tolve jier foar [[bidlerij]] of foar wurk dat neidielich is foar de sûnens.
 
===Oertrêdings tsjin de seden===
Njonken sedemisdriuwen (oftewol relatyf swiere strafbere feiten tsjin 'e seden) besteane der ek oertrêdings tsjin 'e seden (oftewol relatyf lichte fergripen). Dy steane yn it [[Tredde Boek (Oertrêdings) fan it Wetboek fan Strafrjocht]], mar de measten dêrfan binne ûnderwilens ferfallen. Allinnich artikel 453, tsjin [[iepenbiere dronkenskip]], is noch fan krêft.
 
===Ferfallen sedemisdriuwen===
Saken dy't foarhinne yn [[Nederlân]] by de wet as sedemisdriuwen ferbean west hawwe, wiene:
* praktisearring fan [[homoseksualiteit|homoseksuële]] [[seksuële omgong|omgong]] tusken mearderjierrigen ([[1940]]-[[1945]]; ynfierd troch it [[Dútslân|Dútske]] bestjoer fan Nederlân ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]])