Teodoarik I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
No edit summary
Rigel 1:
'''Diderik I''' wie kening fan de [[Fisigoaten]] [[418]]-[[451]]). Hy waard grut as gizeler by it Romeinske hof en wie de jongere broer fan [[Wallia]]. Under syn lange bewâld ferstjerkte hy stadich oan de posysje fan de Fisigoaten yn [[Galje]]. Foar in part troch diplomatike handigens, mar ek mei geweld woekse ûnder syn hearskippij de tigte ban tusken de Fisigoaten en it [[West-Romeinske Ryk]] út ta in ûnbidich oan selstannigens.
 
{{stavering}}
== opstan fan de Fisigoaten ==
De reboelje dy't ûnstie yn it Romeinske ryk nei de dea fan keizer [[Honorius]] yn [[423]] joechen Diderik I alle gelegenheid him te ûntdwaan fan de oerhearsking troch de Romeinen. Om-ende-by sân jierren hâlde hy him sawat ûnôfhinklik en amper hindere koe hy syn ynfloed útwreidzje nei [[Spanje]]. Likernôch [[426]] foel syn leger de [[Alanen]] oan, en brocht harren in ferneatigjende nederlaach ta. De kening fan de Alanen, [[Attakes]], sneuvele yn dit gefjocht en syn folk socht in goed hinne komen by de [[Asdingen]]. Yn Galje slagge Diderik dêryn syn gebiet stadich oan út te wreidzjen oant de [[Middellânske See]]. Lykwols misleare syn poging om de hân te lizzen op [[Arles]].