Magnus Maksimus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: tr:Magnus Maximus
→‎Skiednis: eigenskipsurd net bûgd
Rigel 2:
 
==Skiednis==
Maksimus wie berne yn [[Spanje]], mooglik yn it jier [[335]]. Oer syn iereier libben witte wy neat, hy ferskynt yn de skiednis likernôch [[369]], as hy ofsier is ûnder [[Theodosius de Aldere]]. Yn dat jier waard Theodosius derop útstjoerd troch keizer [[Valentinianus I]] om in opstân yn [[Brittanje]] del te slaan. Fierder giet hy mei Theodosius op fjildtocht nei [[Raetia]] en [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] om tsjinstanners fan de keizer te befjochtsjen. Yn [[376]] wie hy yn it [[Donau]]gebiet om ta te sjen op it ferrin fan de folksferfarren fan de [[Goaten]], dit folk waard fuortjage troch [[Atilla de Hun]] en hie by keizer [[Valens]] om asyl frege. Mooglik wie Maksimus ek oanwêzich by de [[Slach by Adrianopel]], dêr't keizer Valens en in grut part fan it East-Romeinske leger ôfslachte waard.
 
Om [[380]] hinne waard Maksimus beneamd as ''comes Britanniae'' (militêre bestjoerder). Hy fersloech yn [[381]] de ynfallende [[Skotten]] en [[Pikten]]. Mar yn [[383]] kaam it leger yn Brittanje yn opstân en waard Maksimus ta keizer útroppen. Maksimus sette fuort ôf nei [[Galje]] om tsjin keizer [[Gratianus]] op te lûken. Bûten [[Parys]] kaam it ta in fjildslach dy't troch Maksimus wûn waard. Gratianus waard fiif dagen letter troch syn soldaten ferret (û.o. troch generaal [[Mallobaudes]]) en flechte. Maksimus syn ''magister equitum'' [[Andragathius]] efterfolge Gratianus en deade him op [[25 augustus]] dat jier.