Stedsgrêft (Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L [[]] oars
Rigel 27:
Fan de Keninginnebrêge rint de Stêdsgrêft tusken deselde twa strjitten fierder nei it easten, nei de oanslúting mei [[de Swette]]. Dit part fan de grêft is groeven by de útwreiding fan 1492 doe't de Easterdyk binnen de stêd lutsen waard. Ek dit stik hjit yn de folksmûle fan ''Looxmagrêft'' nei de kade dêr't it bylâns rint.
 
It wetter rint dan tusken ''Prins Hindrikkade'' en de ''Twadde Easterkade'' fierder en draait nei it súdeasten nei de [[Easterpoartsbrêge (Snits)|Easterpoartsbrêge]]. Ek dit part fan de grêft is groeven by de útwreiding fan 1492 doe't de Easterdyk binnen de stêd lutsen waard. It wetter hjir hjit ek wol fan ''Easterpoartsgrêft'', nei de brêge.
 
Besuden de Easterpoartsbrêge rint it wetter fierder nei it súdeasten, tusken ''Jousterkade'' en de ''Earste Easterkade'' troch, foarby de [[Lytssânsterpiip]], en slút dan oan op it Simmerrak en de Aldfeart. Ek dit part hjit wol fan ''Easterpoartsgrêft''.