Foederati: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 16:
Doe't de Romeinske macht yn de [[5e ieu]] fierder ôfnaam, stelden de foederaty yn it West-[[Romeinske Ryk]] harren hieltyd ûnôfhinkliker op. Opstannen fan foederaty kamen hieltyd faker foar en om-ende-by [[455]] ûntstie der in situaasje dat der gjin belestingjild mear oan it sintraal gesach ôfdroegen waard. De lokale Romeinske autoriteiten waarden oan de kant skood en foederaty as de Fisigoaten en de Boergonden namen sels it heft yn hannen troch it stiftsjen fan ûnôfhinklike keninkriken.
 
Yn it leger wiegong ekit sa'n ûntwikkelingalyksa. Yn de rin fan de 5e ieu rekke de militêre sterkens fan it Romeinske leger sawat hielendal basearre op foederaty ienheden. Yn [[451]] koe [[Attila|Attila de Hun]] mei muoite ferslein wurde mei help fan foederaty, wêrûnder de [[Fisigoaten]], [[Boergonden]], [[Franken]] en [[Alanen]]. Lang om let wie ien stam fan foederaty, de Germaanske stam de [[Herulen]], ferantwurdlik foar de ein fan it West-Romeinske Ryk. De lêste Romeinkse keizer [[Romulus Augustulus]] waard ôfsetten troch de ''[[magister militum]]'', oerbefelhawwer, fan de ''foederaty'', de Herulenlieder [[Odoaker]].
 
==Keppeling om utens==