Dokkumersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Rigel 22:
Oant djip yn 'e [[njoggentjinde iuw]] wie it Dokkumersk yn Dokkum de taal fan 'e begoedige boargerij, en hie it in folle hegere maatskiplike status as it Frysk. Pas tsjin it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] begûn men it te sjen as in breklike fariant fan it [[Standertnederlânsk]]. Doe ferwaard it ta it dialekt fan 'e legere sosjale fermiddens, wylst de stedselite oergie op it [[Nederlânsk]]. Ek it Frysk krige fan dy tiid ôf wer in hegere status as it Stedsk, dat lju dy't yn 'e tweintichste iuw fan it omlizzende plattelân nei Dokkum ta ferfearen, giene yn 'e stêd faak troch mei Frysk te praten, of oars namen se it Nederlânsk oer. Yn earder tiden pasten sokken har yn 'e stêd ornaris oan 'e dêr besteande taalsitewaasje oan en begûnen se Dokkumersk te praten.
 
Yn [[2019]] waard it [[Genoatskip foar it Gebrûk fan it Dokkumersk]] (''Genoatskap foar ut Gebrúk fan ut DokkumersDòkkumers'') oprjochte, in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan it Dokkumersk. Yn [[novimber]] [[2022]] brocht it Genoatskip de [[oersetting]] nei it Dokkumersk út fan it [[jongesboek]] ''Siderius, de Granaet'', fan [[Abe Brouwer]]. It boek wie fertaald troch Warner B. Banga, ien fan 'e foaroanlju fan it Genoatskip. Behalven dat mei de útjefte besocht waard it Dokkumersk libben te hâlden en/of ûnder de oandacht te bringen by de Dokkumer [[bern (persoan)|bern]], spile de oersetting ek in wichtige rol by it [[standerttaal|standerdisearjen]] fan 'e [[stavering]] fan it Dokkumersk troch de leden fan it Genoatskip.<ref>{{Aut|Fierant, Tim}}, ''Een standaardwerk in Dokkumers'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 4 novimber 2022, s. 21.</ref>
 
==Taaleigenskippen==