André Hazes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
T.
Aliter (oerlis | bydragen)
Wat oanpassings.
Rigel 8:
Yn syn bernetiid libbe André Hazes yn de Amsterdamske folkswyk [[De Piip]]. Fan jongs ôf hold er fan muzyk - fral fan [[blues]] en [[rock 'n' roll]]. Syn sjongtalint waard al yn [[1958]] ûntdutsen troch [[Johnny Kraaykamp sr.]], doe't André op de [[Albert Cuypmerk]] stie te sjongen. Hy waard doe troch Johnny Kraaykamp as bernstjerre lansearre yn it tillefyzjeprogramma ''[[AVRO's weekendshow]]''. Der waarden in pear singeltsjes útbrocht, mar de lytse Hazes waard gjin sukses.
 
Yn [[1976]] waard Hazes op 'e nij ûntdutsen, diskear troch [[Willy Alberti]]. Hazes hie baantsjes hân as fabryksarbeider, lichtmatroas, boekbiner, blommebesoarger, fytsemakkerfytsmakker, skoarstienreager, slachtersfeint, boufakarbeider, grûnwurker, sloper, platespiler, merkkeapman en kelner, en op dat stuit hie er wurk as barman. It sjongen seach er as leafhawwerij. Troch Alberti waard der in single útbrocht fan syn lied ''Eenzame Kerst'', dat daalks in sukses wie. Dernei wienen ek ''Mamma'' (''MemMemme'') en ''De Vlieger'' sukseskes.
 
== Hichtepunten ==
Rigel 21:
Yn [[1999]] hie de karriêre fan Hazes in oplibjen mei syn rol fan altyd-gewoan-bleaun-artyst yn de reklame. [[John Appel]] makke in dokumintêre mei itselde tema, mei de titel ''Zij gelooft in mij'' (''Sy leaut oan my''). Hazes blykt yn de film in hieltyd twifeljend persoan, dy't net mei de druk fan it artystelibben omgean kin. Dy druk waard noch heger doe't Hazes yn [[2002]] in koarte polityke karriêre hie: hy siet fan maart oant july foar de partij ''Ronde Venen Belang'' yn de gemeenterie fan [[De Ronde Venen]]. Mar op it lêst wie der in soad krityk fan oare fraksjes, dat er der net altyd by wie, en as gefolch derfan gong er fuort.
 
Yn [[2003]] fierde er noch syn sulveren jubileum, yn de [[Amsterdam Arena]], mar syn sûnens waard minder. Sa krige er meimaaie [[2004]] lêst fan syn ear. Troch in rûs koe er himsels net mear praten enof sjongen hearre, sadat er needsake wie optredens ôf te sizzen. Op 22 septimber 2004 krigkrige er in [[longûntstekking]], en waard er yn Woerden opnaam yn it sikehûs. De dei derop is er dêr ferstoarn oan in [[hertstilstân]].
 
== Keppeling om útens==