Fisigoatyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 20:
Om in ein te meitsjen oan de oarlochsdriging, rôp Alarik de bemiddeling yn fan syn skoanheit, de [[Ostrogoaten|Ostrogoatyske]] kening [[Diderik de Grutte]]. Tanksy syn bemiddeling kaam der yn [[506]] in fredesferdrach tusken Klovis en Alarik.
 
Klovis wie lykwols net fan doel him oan it ferdrach te hâlden. Yn de maaityd fan [[507]] foel hy tagelyk mei kening [[Sigebert]] fan de [[Ripuaryske Franken]] en kening Gundobad fan de Boergonden, it Fisigoatyske keninkryk oan. Yn de [[Slach byfan VouilléFouillé]] waarden de Fisigoaten folslein ferslein en foel kening Alarik yn Frankyske hannen. Hy waard eigenhannich fermoarde troch Klovis. It restant fan it Fisigoatyske leger flechte nei it suden en luts har werom yn [[Septimaanje]]. Klovis gong oer ta it ferdylgjen fan de lêste fersetshurden. Syn soan [[Teuderik I fan Austraasje|Teuderik]] waard belêste mei de oermastering fan [[Celtica]], wylst hy sels opluts tsjin de [[Basken]]. De oermastering fan Septimaanje waard oerlitten oan Gundobad.
 
Yn Septimaanje ferskânzen de Fisigoaten harren yn in oantal goed te ferdigenjen stêden: [[Carcassonne]], [[Béziers]], [[Nîmes]] en [[Arles]]. Alhoewol't alle stêden lang belegere waarden en de lândbougrûnen yn 'e brân stutsen, wienen de Boergonden net by steat om de stêden yn te nimmen. Doe't yn [[508]] úteinlik de Eastrogoten harren mei de striid bemuoiden waarden Arles en Avignon ûntset en de Boergonden fuortjage. Septimaanje soe Fisigoatysk bliuwe, mar de rest fan Galje gong foar altyd ferlern.