Wytsingen: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Noarmannen gongber |
|||
Rigel 26:
== Eastlike ekspânsje troch de Sweden ==
[[Ofbyld:Gebieten en reizen fan de Wytsingen.png|right|350px|thumb|''Wytsingegebieten en ekspedysjes'']]
[[Ofbyld:Viking
De [[Sweden|Sweedske]] Wytsingen swalken út oant en mei it tsjintwurdige [[Ruslân]], dat sels syn namme oan harren te tankjen hat. Rus wie oarspronklik de namme foar de (Sweedske) Wytsingen dy't Ruslân berikten (it kin 'readhierrige' of 'roeier' betsjutte); pas letter waard mei dat wurd de hiele befolking fan Ruslân bedoeld. De Sweed [[Rurik]] stifte de earste Russyske steat: it [[Kievske Ryk]]. Fierder stiften de Wytsingen wichtige hannelsstêden as [[Novgorod]] en [[Kiev]] en hannelen sy út Ruslân wei mei [[Konstantinopel]]. Ferskate kearen hawwe de 'Russyske' Wytsingen besocht om Konstantinopel te oermasterjen. Dat bleau lykwols sûnder resultaat fanwegen de goede ferdigeningswurken om de stêd hinne. Lykas harren foargongers yn it eardere [[Romeinske ryk]] ferbûnen guon fan de Wytsingen harren oan it [[Byzantynske Ryk|Byzantynske]] leger as hierling. Sy waarden ûnderbrocht yn in spesjale elite-ienheid dy't de persoan fan de keizer beskermje moast, dy Wytsingsienheid stie bekend as ''[[Varjagen]]''.
|