Bitgummole: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Ynfoboks tafoege, skiednis wat feroare; it stik oar de ynfrastruktuer fan diken nei oare doarpen ferhûze en ûnder ûntsluting ûnderbrocht (heart eins net ûnder skiednis). Alles ûnder 'Ferskaat' yntegrearre yn oare tekstdielen. Fierder hjir en dêr útwreide.
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
By skiednis Aysmastate noch tafoege.
Rigel 46:
Bitgummole is in jong doarp dat pas yn 1963 selsstannich waard en foarhinne by Bitgum hearde. It ûntstie by de [[nôtmole]] dy't de bewenners fan de state [[Grut-Terherne|Grut Terherne]] yn de [[16e iuw]] bouwe litten hawwe.
[[Ofbyld:Grutterherne1869.jpg|thumb|left|250px|''Grut Terherne foar de ôfbraak'']]
Grut Terherne stie krekt westlik fan it hjoeddeiske doarp súdlik fan de wei nei Bitgum en waard yn 1879 ôfbrutsen. It tagongshek is noch jimmeroan oanwêzich. De bylden dêrop en in gevelstien fan de poarte wurde bewarre yn it Frysk Museum. Mooglik stie der op Dyksterhûzen noch de Buma State, oarspronklik in stins dy't yn 1511 foar it earst neamd waard.<ref>[http://www.stinseninfriesland.nl/BumaStateBeetgumermolen.htm#:~:text=De%20Buma%20State%20stond%20te%20Beetgum%2C%20Dyksterhuzen%201%2C%20gemeente%20Menaldumadeel.&text=De%20oudste%20bekende%20vermelding%20van%20de%20Stins%2FState%20dateert%20uit%201511.&text=In%20%22Oudheden%20en%20gestichten%20van,stinsen%20Buwma%20en%20Aysma%20staan%22. Stinzen in Friesland, oproppen 19 jannewaris 2023]</ref> De [[kop-hals-romppleats]] dy't op dat plak stie baarnde yn 1970 ôf en waard ferfongen troch in moderne pleats. Letter soe de famylje [[Buma (laach)|Buma]] op de pleats wenne ha. In tredde state wie de [[Aysmastate]] eastlik fan it hjoeddeiske Bitgummole.
De nôtmole is yn [[1864]] ôfbaarnd en net wer opboud. Bitgumermole is in lintdoarp oan de Middelseedyk en efter in dwersdyk troch de eardere Middelsee, de Langestrjitte-Skrédyk, dy't as trochgeande wei fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] nei [[Berltsum]] tsjinne. Dy waard om 1300 oanlein om it efterlân te beskermjen tsjin heech wetter. Bitgummole wie dus in buorskip op de grins fan twa lânskipstypes: it âlde kwelderlânskip mei in lytsskalige mozaïekferkaveling en it iepen en strakke polderlânskip fan de eardere Middelsee. Letter waard ek bylâns oare ferbiningswegen boud, en nei de jierren 1950 tusken dy wegen, sadat de bebouwing wol kompakter waard, mar noch altiten sûnder buorren.<ref>[https://www.bitgummole.nl/index.php?p=historie Side Bitgummole]</ref> In echt sintrum hat Bitgummole nea hân.