Jacques Cartier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
red + fral oanfolling
Lebel: Keppelings betsjuttingssiden
Rigel 1:
{{Persoan algemien
[[Ofbyld:Jacques Cartier 1851-1852.jpg|thumb|''Jacques Cartier'']]
| ôfbylding = Jacques Cartier by Hamel.jpg
'''Jacques Cartier''' ([[31 desimber]] [[1493]] - [[1 septimber]] [[1557]]) wie in seefarder en [[ûntdekkingsreizger]] út it Frânske [[Saint-Malo]], ferantwurdlik foar de ûntdekking fan de [[Saint Lawrencebaai]] en de [[Saint Lawrencerivier]]. Der is net folle bekend oer syn libben foar 1534, mar hy wie in betûft [[Seeman|seefarder]], en hie al op de [[Newfoundland Banks]] en mooglik yn [[Brazylje]] west. Mooglik hied er meidien oan de reis fan [[Giovanni da Verrazzano]] nei Noard-Amearika.
| ôfbyldingstekst = In foarstelling fan Jacques Cartier op in [[skilderij]] fan [[Théophile Hamel]] fan omtrint [[1844]]. Der besteane gjin kontemporêne portretten fan Cartier.
| ôfbyldingsbreedte =
| echte namme = Jacques Cartier
| oare namme(n) = Jakez Karter <small>([[Bretonsk]])</small>
| nasjonaliteit = [[File:Drapeau_de_la_province_de_Bretagne_(1532).svg|border|20px]] [[Hartochdom Bretanje|Bretonsk]] <small>(oant 1532)</small><br>[[File:Pavillon_royal_de_la_France.svg|border|20px]] [[Keninkryk Frankryk|Frânsk]] <small>(fan 1532 ôf)</small>
| berne = [[31 desimber]] [[1491]]
| berteplak = [[Saint-Malo]] ([[Bretanje]])
| stoarn = [[1 septimber]] [[1557]]
| stjerplak = [[Saint-Malo]] ([[Bretanje]])
| etnisiteit = [[File:Flag of Brittany (Gwenn ha du).svg|border|20px]] [[Bretonnen|Bretonsk]]
| regionale identiteit =
| berop/amt = [[seeman]]
| aktyf as = [[ûntdekkingsreizger]]<br>[[seefarder]]
| jierren aktyf = [[1532]] – [[1542]]
| reden bekendheid = earste [[Jeropa|Jeropeaan]] dy't it binnen-<br>lân fan [[Noard-Amearika]] oandie
| bekendste wurk(en) =
| prizen =
| webside =
}}
'''Jacques Cartier''' ([[Frânsk]]e [[útspr.]]: [ʒak kaʁˈce], likernôch: "<u>zjak</u> kach-<u>tjee</u>"; [[Bretonsk]]: ''Jakez Karter''; [[Saint-Malo]], [[31&nbsp;desimber]] [[1491]] – dêre, [[1&nbsp;septimber]] [[1557]]) wie in [[Frankryk|Frânsk]] [[ûntdekkingsreizger]] en [[seefarder]] fan [[etnyske groep|etnysk]] [[Bretonnen|Bretonsk]] [[komôf]]. Tusken [[1532]] en [[1542]] makke er trije [[reizen]] nei it [[noardeast]]like [[kust]]gebiet fan [[Noard-Amearika]], dêr't er as earste de [[Saint&nbsp;Lawrencebaai]] [[kartografy|yn kaart brocht]] en de [[rivier]] de [[St. Lawrence (rivier)|St.&nbsp;Lawrence]] folge oant yn it binnenlân. Dat neamde er it "Lân fan 'e Kanada's", nei de beide grutte [[Irokezen|Irokeeske]] [[delsetting]]s dy't er seach op 'e plakken dêr't no de [[stêd]]en [[Kebek (stêd)|Kebek]] en [[Montreal]] lizze. Cartier naam dat gebiet yn besit foar de [[Keninkryk Frankryk|Frânske Kroan]].
 
==Libben en karriêre==
== Keppeling om utens ==
===Iere jierren===
{{Commonscat|Jacques Cartier}}
Cartier waard yn [[1491]] [[berne]] yn 'e [[haven]]stêd [[Saint-Malo]], oan 'e [[kust]] fan it [[It Kanaal]], yn it [[noardeasten]] fan wat doe it ûnôfhinklike [[Hartochdom Bretanje]] wie. Hy [[jonkheid|groeide dêr op]] en folge in [[wurkpaad]] as [[seeman]]. Hy klom al op jonge [[leeftyd]] op ta [[kaptein (skipfeart)|kaptein]], dêr't er [[respekt]] en [[oansjen]] mei wûn. Syn [[maatskiplik]]e status bettere noch fierder op troch syn [[houlik]], yn [[1520]], mei Marie Catherine des Granches, in [[telch]] út in tige foaroansteand [[laach (famylje)|laach]] yn Saint-Malo.
 
Oer it [[libben]] fan Cartier foarôfgeande oan syn earste [[ûntdekkingsreis]] yn [[1534]] is net folle bekend, mar hy wie yn elts gefal in betûft seeman. Yn dy hoedanichheid hied al op 'e [[fiskerij|fiskgrûnen]] fan 'e [[Nijfûnlânske Undjipten]] west, dêr't [[kabbeljau]] fongen waard, en ek yn [[Brazylje]]. Dat er yn Saint-Malo op in [[reputaasje|tige goede namme]] lei, blykt út hoe faak oft er as [[peetheit]] of [[tsjûge (akte)|tsjûge]] behelle wie [[doop (sakramint)|doop]]seremoanjes (lykas fêstlein yn 'e doopregisters fan 'e pleatslike [[tsjerkegebou|tsjerken]]).
[[File:Cartier First Voyage Map 1.png|left|thumb|250px|De earste reis fan Jacques Cartier.]]
 
===Earste reis (1534)===
Begjin [[1534]], twa jier nei't it [[Hartochdom Bretanje]] formeel [[anneksaasje fan Bretanje|anneksearre wie]] troch it [[Keninkryk Frankryk]], waard [[kening]] [[Frâns I fan Frankryk|Frâns&nbsp;I]] mei Cartier yn 'e kunde brocht troch [[Jean Le Veneur]], de [[biskop]] fan Saint-Malo en [[abt]] fan [[Mont-Saint-Michel]]. De kening hie earder yn [[1524]] de [[Florâns|Florentynske]] [[ûntdekkingsreizger]] [[Giovanni da Verrazzano]] útnûge (hoewol net formeel yn 'e tsjinst nommen) om foar Frankryk de eastkust fan [[Noard-Amearika]] te [[ferkenning|ferkennen]] (wêrfan't men doedestiden noch altyd miende dat it om in diel fan [[Aazje]] gie). Le Veneur helle yn it [[petear]] mei Frâns&nbsp;I de reizen fan Cartier nei [[Nijfûnlân]] en [[Brazylje]] oan om syn geskiktheid oan te tsjutten foar it liedingjaan oan inkele [[skip]]pen dy't op in ûntdekkingsreis nei Noard-Amearika útstjoerd wurde soene. De kening liet him oertsjûgje, en Cartier krige opdracht ta sa'n reis.
 
Op [[20&nbsp;april]] [[1534]] sette Cartier ôf út Frankryk oer de [[Atlantyske Oseaan]], mei as opdracht om te besykjen in [[Noardwestlike Trochfeart]] te finen nei de [[rykdom|rike]] [[hannel]]smerken fan [[East-Aazje]]. De reis oer de [[oseaan]] naam tweintich [[dagen]] yn beslach. Op [[10&nbsp;maaie]] arrivearre er by it [[eilân]] [[Nijfûnlân]], en sette er útein mei syn ferkennings. Cartier [[silen|sylde]] yn noardwestlike rjochting by de eastkust fan Nijfûnlân lâns, ûntdiek de [[Strjitte fan Belle Isle]] tusken it eilân en it [[fêstelân]] fan [[Labrador (regio)|Labrador]], gie dy troch en kaam sa út yn 'e [[Saint&nbsp;Lawrencebaai]]. Hy folge de westkust fan Nijfûnlân nei it suden en stiek doe yn westlike rjochting troch de [[baai]] nei de [[Magdalena-eilannen]]. By in tuskenstop dêre op in pear eilantsjen dy't er ''Îles aux Oiseaux'' (de "Fûgeleilannen") neamde (no it [[Kanada|Kanadeeske]] federale [[fûgelreservaat]] [[Roches-aux-Oiseaux]]), slachten hy en syn [[bemanning]] sa'n 1.000 [[seefûgel]]s ôf, foar it meastepart [[flechtleaze fûgel|flechtleaze]] [[grutte alk]]en (dy't no [[útstjerren (biology)|útstoarn]] binne).
 
Fan 'e Magdalena-eilannen fear Cartier súdwestlik nei de westpunt fan [[Prins Edwerteilân]], dêr't er wei oerstiek nei it fêstelân fan wat no [[Nij-Breunswyk]] is. Dêre, oan 'e noardkant fan 'e [[Chaleurbaai]], hied er syn earste beide moetings mei de [[Yndianen|lânseigen befolking fan Noard-Amearika]]. It gie dêrby nei alle gedachten om [[etnysk]]e [[Mikmak (folk)|Mikmak]]. De moetings duorren mar koart, mar der waard wat [[ruilhannel]] by bedreaun. Neitiid folge Cartier de kust fan it [[Gaspéskiereilân]] nei it noarden, wêrby't er oan 'e [[igge]] fan 'e [[Gaspébaai]] in trêde moeting mei Yndianen hie.
[[File:Canada_Cartier_1908_issue-20c.jpg|right|thumb|250px|De [[skip]]pen fan Jacques Cartier op in [[Kanada|Kanadeeske]] [[postsegel]] út [[1908]].]]
 
Diskear gie it om in groep [[Saint&nbsp;Lawrence-Irokezen]] (in etnyske groep dy't letter alhiel útstoarn rekke is). Op [[24&nbsp;july]] plante Cartier op it plak fan dy moeting in tsien [[meter]] heech [[krús (symboal)|krús]], dêr't de wurden "Lang Leve de Kening fan Frankryk" ynkurven wiene, ta teken dat er it gebiet foar de [[Kening fan Frankryk|Frânske Kroan]] yn besit naam. Dat wie it oanbegjin fan 'e Frânske [[koloanje]] [[Nij-Frankryk]]. Dat neitiid de stimming mank de Yndianen omsloech, wie in dúdlik teken dat se begriepen wat er mei syn dwaan bedoelde. Cartier naam twa [[soan]]nen fan 'e lieder fan 'e groep Yndianen yn [[gizeling (misdriuw)|gizeling]], dy't him letter nei syn eigen sizzen ferteld hawwe soene dat it Gaspéskiereilân yn harren [[taal]] ''Honguedo'' neamd waard. Nei [[ûnderhanneling]]s stimde de Yndiaanske foaroanman dermei yn dat Cartier syn soannen meinaam, op betingst dat se mei [[Jeropa|Jeropeeske]] hannelswaar weromkeare soene.
 
Fan Gaspé stiek Cartier yn noardlike rjochting oer nei de súdkust fan it grutte eilân [[Anticosti]], dat er trijefearns rûnfear. Hy folge de súdkust fan wat no de [[Kanadeeske provinsje]] [[Kebek (provinsje)|Kebek]] is yn eastlike rjochting werom nei de Strjitte fan Belle Isle en fear dêrwei wer nei Jeropa. Hy kearde yn [[septimber]] [[1534]] werom yn Frankryk yn 'e folle oertsjûging dat er it iene of oare [[Aazje|Aziatyske]] lân besocht hie.
[[File:Cartier Second Voyage Map 1.png|left|thumb|250px|De twadde reis fan Jacques Cartier.]]
 
===Twadde Reis (1535–1536)===
It folgjende jier, [[1535]], sette Cartier mei trije [[skip]]pen, 110 [[bemanning]]sleden en syn beide Yndiaanske gizelders út Frankryk ôf foar in twadde reis nei wat eins [[Noard-Amearika]] wie. Dêr oankommen fear er wer fia de Strjitte fan Belle Isle de Saint&nbsp;Lawrencebaai binnen, folge de súdkust fan Kebek by Anticosti lâns en ûntdiek de [[mûning]] fan 'e [[rivier]] de [[St. Lawrence (rivier)|St. Lawrence]], dy't er in jier earder straal foarbyfearn wie. Doe't er de rivier opfear, berikte er [[Stadacona]] (no de stêd [[Kebek (stêd)|Kebek]]), in delsetting fan 'e Saint&nbsp;Lawrence-Irokezen dêr't it [[opperhaad]] [[Donnacona]] hearske. Dêr liet Cartier syn beide gruttere skippen efter om mei it lytste fierder streamop te farren oant er op [[2&nbsp;oktober]] [[1535]] yn 'e mânske Saint&nbsp;Lawrence-Irokeeske delsetting [[Hochelaga]] (no [[Montreal]]) arrivearre.
 
Hochelaga wie in folle grutter plak as it doarpke Stadacona, en der klofte in mannichte fan mear as tûzen lju oan 'e riviersigge gear om 'e Frânsen te ferwolkomjen. It krekte plak fan 'e oankomst fan Cartier-en-dy is mei wissichheid fêststeld as it begjin fan 'e Sainte-Marie Sault, dêr't de [[Jacques Cartierbrêge|nei him ferneamde brêge]] no leit. Mei't de St. Lawrence boppe Hochelaga blokkearre wie troch [[streamfersnelling]]s, koe de [[ekspedysje]] mei it skip net fierder it binnenlân yn. Dat wie foar Cartier in bittere [[teloarstelling]], want hy wie der hillich fan oertsjûge dat de St. Lawrence de sochte Noardwestlike Trochfeart wie, en dat de streamfersnellings alles wiene dat him it paad nei [[Sina]] ([[Frânsk]]: ''la Chine'') tichtsette. Dêrfandinne dat dy streamfersnellings neitiid de [[Lachine Rapids]] kamen te hjitten en de delsetting by de streamfersnellings [[Lachine (Kebek)|Lachine]].
[[File:Québec,_Jacques_Cartier4.jpg|right|thumb|250px|De [[plakette]] op it [[fuotstik]] fan it [[stânbyld]] fan Jacques Cartier yn 'e [[stêd]] [[Kebek (stêd)|Kebek]].]]
 
Nei't se twa dagen yn Hochelaga trochbrocht hie, kearden Cartier-en-dy werom nei de rest fan 'e ekspedysje yn Stadacona, dêr't se op [[11&nbsp;oktober]] oankamen. Mei't it tsjin dy tiid te let yn it jier wie om 'e oerstek fan 'e Atlantyske Oseaan werom nei Jeropa te weagjen, bouden Cartier en syn mannen by Stadacona in [[fort]] om yn te oerwinterjen. Fan mids [[novimber]] oant [[april]] [[1536]] leine de Frânske skippen ûnder de [[Rots fan Kebek]] ynferzen oan 'e mûning fan 'e rivier de [[Saint-Charles (rivier)|Saint-Charles]]. De [[iis]]laach wie dêr dat jier 1.80&nbsp;[[meter|m]] tsjûk, en der foel 1.20&nbsp;m [[snie]]. Om 'e ellinde mank de [[kjeld|winterkjeld]] noch minder te meitsjen, briek der [[skuorbot]] út, earst ûnder de Yndianen en letter ek ûnder de Frânsen. Neffens de rûzing fan Cartier kamen dêr sa'n 50 Saint&nbsp;Lawrence-Irokezen oan om.
 
Fan 'e Yndianen learde Cartier dat in brousel mei de namme ''[[aneda|annedda]]'' (wierskynlik [[spjirrebier]]), makke fan 'e [[skoars]] fan 'e [[Westerske libbensbeam]] (''Thuja occidentalis''), tsjin 'e [[sykte]] holp. Nei alle gedachten wie dat de rêding fan 'e ekspedysje. Hy en syn mannen brûkten yn in wike tiid in hiele [[beam]] op en it effekt dat soks hie op 'e [[pasjinten]] (tsjin dy tiid frijwol alle ekspedysjeleden) wie dramatysk. Cartier neamde de opbettering yn syn [[lochboek]] in [[wûnder]] fan [[God (monoteïsme)|God]].
[[File:JacquesCartier.jpg|left|thumb|180px|It [[stânbyld]] fan Jacques Cartier yn syn [[berte]]plak [[Saint-Malo]].]]
 
Yn [[maaie]] [[1536]] wiene de Frânsen ree om 'e weromreis nei hûs te meitsjen. Cartier besleat it opperhaad Donnacona mei te nimmen nei Frankryk, sadat dy dêr persoanlik it ferhaal fertelle koe oer in lân dat benoarden sines lei, it "[[Keninkryk Saguenay]]". Dat soe nammentlik smoarfol [[goud]], [[ealstien]]nen en oare [[skat]]ten lizze. Nei in drege reis de St. Lawrence del en in trije wiken duorjende oerstek fan 'e Atlantyske Oseaan fear de ekspedysje fan Cartier nei fjirtjin [[moanne (tiid)|moannen]] op [[15&nbsp;july]] [[1536]] de haven fan Saint-Malo wer binnen. Dizze twadde reis wie foar Cartier fierwei de lukratyfste. Yn syn beskriuwing fan syn ûntdekkings tsjutte er de krite fan 'e St. Lawrence oan as it "Lân fan 'e Kanada's". Dy namme ûntliende er oan it [[Irokeeske talen|Irokeeske]] wurd ''kanata'', dat "[[doarp]]" betsjutte, mar dat oan him foutyf [[oersetting|oerset]] wie as in term foar nij ûntdutsen gebiet.
 
===Trêde reis (1541–1542)===
Op [[17 oktober]] [[1540]] krige Cartier fan kening Frâns&nbsp;I opdracht om foar de trêde kear werom te gean nei Noard-Amearika, om as [[kaptein-generaal]] lieding te jaan oan 'e [[kolonisaasje]] fan [[Nij-Frankryk]]. Op [[15&nbsp;jannewaris]] [[1541]] waard de post fan kaptein-generaal lykwols ynstee ferjûn oan [[Jean-François de La Rocque de Roberval]], in [[Hugenoaten|Hugenoatske]] [[hôveling]] en in [[freonskip|freon]] fan 'e kening. Dyselde krige dêrmei de lieding oer de ekspedysje, wylst Cartier syn ûnderbefelhawwer waard. La Rocque de Roberval moast wachtsje op 'e levering fan [[kanon (wapen)|kanonnen]] en [[befoarrieding|foarrieden]], mar stjoerde Cartier mei fiif skippen alfêst dy kant út.
 
Cartier sette op [[23&nbsp;maaie]] [[1541]] út Saint-Malo ôf. Tsjin dy tiid wie yn [[Jeropa]] frij algemien it besef trochkrongen dat [[Amearika]] net itselde gebiet wie as [[Aazje]]. De trêde ekspedysje fan Cartier socht sadwaande net mear nei de Noardwestlike Trochfeart; ynstee wie no it doel om it "Keninkryk Saguenay" mei syn goud en skatten te finen, en om in permaninte basis oan 'e rivier de St. Lawrence te fêstigjen.
[[File:Dauphin_Map_of_Canada_-_circa_1543_-_Project_Gutenberg_etext_20110.jpg|right|thumb|250px|In [[Frankryk|Frânske]] [[lânkaart]] út omtrint [[1543]], mei dêrop werjûn de ûntdekkings fan Cartier.]]
 
Doe't Cartier-en-dy Stadacona berikten en fannijs de Saint&nbsp;Lawrence-Irokezen metten, achte Cartier harren "freugdefol ûnthel" en harren oanwoeksen oantallen ûntrêstgjend. Hy besleat dêrom en fêstigje de Frânske delsetting net te Stadacona, sa't earst de bedoeling west hie, mar op in plak in pear [[kilometer]] fierder streamop, dat er by syn twadde reis sjoen hie, op 'e lokaasje fan it hjoeddeistige [[Cap-Rouge (Kebek)|Cap-Rouge]]. Dêr waarden de [[kolonist]]en oan lân set, dy't foar in part bestiene út frije minsken dy't de reis frijwillich makke hiene, en út feroardiele [[misdiediger]]s, dy't [[deportearre]] wiene. Ek it [[fee]] dat de reis oerlibbe hie, waard oan lân brocht. Der waard in [[fort]]ifisearre delsetting boud en in [[kokentún]] oanplante mei [[sied]] foar [[koal]], [[koalraap]] en [[slaad (griente)|slaad]]. De delsetting krige de namme [[Charlesbourg-Royal]].
 
Deunby de nije delsetting waarden foarmen fan [[metaal]] en [[stiente]] oantroffen, dy't de kolonisten foar [[goud]] en [[diamant]]en holden. Dêr waarden de [[rom (skip)|rommen]] fan twa skippen mei fol laden, en dy waarden op [[2&nbsp;septimber]] weromstjoerd nei Frankryk. Dêr oankommen die lykwols bliken dat de lading weardeleas wie en út [[izerpiryt]] en [[kwarts]]kristallen bestie. De [[Frânsk]]e [[taal]] omfieme yn lettere jierren op basis fan dat fersin fan Cartier-en-dy it [[sprekwurd]] ''faux comme les diamants du Canada'' ("sa falsk as Kanadeeske diamanten").
[[File:Jacques_Cartier_1934_issue-3c.jpg|left|thumb|180px|Jacques Cartier op in [[Kanada|Kanadeeske]] [[postsegel]] út [[1934]].]]
 
Op [[7&nbsp;septimber]], nei't er yn Charlesbourg-Royal eltsenien oan it wurk set hie, gie Cartier mei in pear [[sloep]]en op ferkenning yn 'e hoop it mei rykdommen oerrinnende "Keninkryk Saguenay" te finen. Hy berikte op 'e nij Hochelaga, mar de streamfersnellings dêre koene ek mei sloepen net betwongen wurde, en min [[waar]] twong him om werom te kearen nei Charlesbourg-Royal. Dêr wie de sitewaasje ûnderwilens misbeteard, mei't de spannings mei de Saint&nbsp;Lawrence-Irokezen heech oprûn wiene. De Yndianen diene de delsetting net mear oan foar freonskiplike besite, en likemin om hannel te driuwen. Ynstee strúnden se op driigjende wize de omkriten ôf.
 
Oer wat der yn 'e [[winter]] fan [[1541]] op [[1542]] te Charlesbourg-Royal barde, binne gjin [[dokumint|skreaune boarnen]] oerlevere, en alle [[ynformaasje]] dy't dêroer bekend is, komt út lettere tsjûgeferslaggen fan yn Frankryk weromkearde seelju dy't by de ekspedysje belutsen wiene. It skynt dat de Yndianen de delsetting op in stuit oanfoelen en likernôch 35 kolonisten wisten te deadzjen ear't de Frânsen beskûl sykje koene efter harren fêstingwurken. Der briek wer skuorbot út, en hoewol't dy no genêzen waard troch it tatsjinjen fan ''annedda'', bliuwt der út 'e ferhalen dochs sterk de yndruk efter fan algehiele ellinde. It liket der sterk op dat Cartier almar mear besefte dat er te min mankrêft hie om Charlesbourg-Royal te ferdigenjen, lit stean om dêrnjonken ek noch op 'e sneup te gean nei "Saguenay".
 
Begjin [[juny]] [[1542]] sette Cartier wer ôf nei Frankryk, wêrby't er La Rocque de Roberval en dy syn skippen oan 'e kust fan Nijfûnlân tsjinkaam wylst se yn 'e tsjinstelde rjochting fearen. La Rocque de Roberval woe hawwe dat Cartier omkeare soe om mei him wer nei Charlesbourg-Royal ta, mar Cartier pykte mei syn skippen yn it [[tsjuster]] út en sylde fierder nei Frankryk, dêr't er yn [[oktober]] arrivearre mei in nije lading fan weardeleaze "diamanten" en "goudklompkes".
[[File:CroixJacquesCartier1.jpg|right|thumb|180px|Croix Jacques Cartier ("Krús fan Jacques Cartier") op it [[eilân]] [[Saint-Quentin (eilân)|Saint-Quentin]].]]
 
Underwilens naam La Rocque de Roberval it befel yn Charlesbourg-Royal oer. Ek hy kaam lykwols meitiid ta de konklúzje dat it op dizze wize mei in kolonisaasje neat wurde koe. Wurch striden troch sykte, min waar en fijannige ynboarlingen joech er it yn [[1543]] oer, naam de kolonisten wer oan board en kearde werom nei hûs. Pas yn [[1605]], doe't [[Samuel Champlain]] [[Port-Royal]] stifte, soe der in permaninte Frânske koloanje yn Noard-Amearika fêstige wurde. De krekte lokaasje fan Cartier syn Charlesbourg-Royal wie lang in riedsel, oant [[premier]] [[Jean Charest]] fan [[Kebek (provinsje)|Kebek]] op [[18&nbsp;augustus]] [[2006]] bekend makke dat [[argeologen]] de koloanje weromfûn hiene.
 
===Lettere jierren===
Cartier brocht de rest fan syn [[libben]] troch yn Saint-Malo sels en op syn [[lângoed]] fuort bûten dy stêd, dêr't gauris ferlet wie fan syn tsjinsten as [[tolk (berop)|tolk]] fan it [[Frânsk]] nei it [[Portegeesk]] en oarsom. Hy [[ferstoar]] yn 'e [[âlderdom]] fan 65 jier op [[1&nbsp;septimber]] [[1557]] oan in doe hearskjende [[epidemy]]. Hoewol't in protte boarnen ornearje dat it ûnbekend is oan hokker sykte Cartier beswiek, tinke guon oan [[plaktyfus]]. Hy waard [[begroeven]] yn 'e [[Sint-Finsintiuskatedraal (Saint-Malo)|Sint-Finsintiuskatedraal]] yn Saint-Malo.
 
==Ferneamings==
Nei Jacques Cartier binne ferneamd: de [[Jacques-Cartier (rivier)|Jacques-Cartier]], in [[sydrivier]] fan 'e St.&nbsp;Lawrence; it [[Jacques Cartierpark]] yn [[Gatineau (Kebek)|Gatineau]]; de [[Jacques Cartierbrêge]] en it [[plein]] [[Place Jacques-Cartier]] yn [[Montreal]], it [[Provinsjaal Park Jacques Cartier]], in [[natoergebiet]] yn 'e [[Kanadeeske provinsje]] [[Prins Edwerteilân]]; en it [[Steatspark Jacques Cartier]] yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[New York (steat)|New York]].
 
== KeppelingKeppelings om utens ==
* {{en}} [https://www.gutenberg.org/author/Cartie,+Jacques Wurken fan Jacques Cartier op ''Project Gutenberg'']
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Jacques_Cartier ''References'', op dizze side].
----
{{Commonscatcommonscat|Jacques Cartier}}
}}
 
{{DEFAULTSORT:Cartier, Jacques}}
[[Kategory:Frânsk seeman]]
[[Kategory:Frânsk ûntdekkingsreizger]]
[[Kategory:PersoanFrânsk berne yn 1493seefarder]]
[[Kategory:Frânsk kartograaf]]
[[Kategory:Bretonsk persoan]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1491]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1557]]