Rinke Tolman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
wurk
Rigel 29:
Yn 1907 die er talittingseksamen foar de Rykskweekskoalle yn [[Grins (stêd)|Grins]]. Flak foar it eksamen yn 1910 krige er problemen mei de direkteur: ''Een klein geschil, de moeite niet waard, maar het was oorzaak dat de Friese stijfkop de benen nam.''<ref> Strijbos 1976, s. 132</ref><br>
Yn 1911 gie Tolman yn militêre tsjinst. It jier dêrnei ferfette er syn stúdzje foar ûnderwizer yn Amsterdam. Yn 1913 die er eksamen, mar dêr sakke er foar (ûnder oare fanwegen in ûnfoldwaande foar it fak ''kennis der natuur''). Hy krige kunde oan de Amsterdamske ûnderwizeres Catharina Roelina (Käthe) Mussche. Se trouden op 21 oktober 1914. <ref> de Groot & Veen 1991, s. 5 en 6 </ref>
 
===Soest Sjoernalist ===
Om troch de tiid te kommen begûn Tolman filmbesprekkingen skriuwen foar it wykblêd ''De Groene Amsterdammer'' en boekbesprekkingen foar it blêd ''Op de Hoogte: maandschrift voor de huiskamer'' <ref> ''Op de Hoogte: maandschrift voor de huiskamer'' is opnommen yn de seleksje fan tydskriften dy't troch de Koninklijke Bibliotheek digitalisearre wurde sille (sjoen 2014-08-15) </ref>. Al gau begûn er ek natuersketsen te skriuwen foar de NRC. Yn 1918 krige er in tydlike baan by it ''Utrechtsch Provinciaal en Stedelijk Dagblad'' op de redaksje bûtenlân. Hy learde ferskate frjemde talen, wat letter te pas kaam doe't er Noarske, Sweedske en Deenske natuerboeken oersette.<br>
Yn Soest stie earder oan de Smitswei de Rinke Tolmanskoalle. Op it plak fan de skoalle stiet tsjintwurdich in breed edukatyf sintrum. Der is ek in Rinke Tolmanpaad dat fan de Parkleane nei de Koloanjewei rint, oan de râne fan de Engh.
Nei 't er in fêste betrekking krige by it Utrechts Dagblad, fêstige er him mei Käthe yn de stêd Utert. In skoftke letter ferhuzen se nei [[Den Dolder]]. Yn 1922 ferhuze it pear nei in wenning oan de Nieuweweg yn [[Soest]].
Yn 1920 waarden syn natuerfeuilletons út it Utrechts Dagblad bondele as ''De bloei der seizoenen'' en útjûn by Oosthoek. Doe't Tolman beneamd waard ta redakteur bûtenlân, koed er ferhúzje fan de Nieuweweg nei Huize Vredehof oan de Bosstraat yn Soest.<br>
Yn 1934 waard haadredakteur Ritter, freon en beskermhear fan Tolman, opfolge troch dr. Loohuis, dy't dúdlik pro-Dútske sympatyen hie. Dat late derta dat Tolman syn baan opsizze moast. <ref>de Groot & Veen 1991, s. 8/10 </ref>
 
=== Dichter ===
Line 45 ⟶ 48:
 
=== Natuermagazine ===
Tolman syn winsk om krekt as [[Jac. P. Thijsse]] in natuerblêd út te jaan komt út yn 1929 as it blêd ''De Wandelaar ferskynt''. It moat dan konkurrearje mei al folle langer besteande blêden as ''De Levende Natuur''. De ferkeap fan ''De Wandelaar'' rint yn 1935 werom en de útjouwer beslút om Tolman dien te jaan. Yn 1937 slagget it him om wer in nij natuerblêd útkomme te litten: ''In weer en Wind''. Op 4 maaie 1942 wurdt Tolman troch de [[Grüne Polizei]] oppakt en nei it [[Kamp Sint-Michielsgestel]] brocht. Hy soe dêr oant 19 febrewaris 1943 as gizeler finzen set wurde. Mei syn frou soe er yn 1948 it bondeltsje ''Wij vergeten niet... , verzen van oorlog en bevrijding'' skriuwe ûnder de [[skûlnamme]] R. van Oosterzee. Dêryn is in gedicht opnaam oer Sint-Michielsgestel. De papierkrapte makke dat it útkommen fan ''In Weer en Wind'' hieltyd dreger wurdt. It tal abonnees rint troch de oarloch bot werom. Yn 1950 fusearje ''De Wandelaar'' en ''In Weer en Wind'' mei as haadredakteur [[Fop I. Brouwer]]. De titel ''De wandelaar in weer en wind'' soe oant 1955 bestean bliuwe.
 
=== Soest ===
Yn Soest stie earder oan de Smitswei de Rinke Tolmanskoalle. Op it plak fan de skoalle stiet tsjintwurdich in breed edukatyf sintrum. Der is ek in Rinke Tolmanpaad dat fan de Parkleane nei de Koloanjewei rint, oan de râne fan de Engh.
 
== Bibliografy ==