Der Spiegel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje;Christlich Demokratische Union Deutschlands (BRD)
 
Rigel 28:
De oplaach wie yn 1961 al 437.000 eksemplaren en mei de groei fan de ekonomy naam ek de politike ynfloed en de publisistyske macht fan it blêd fierder ta.
 
Yn 2005 waard in ûndersyk dien nei de politike eftergrûn fan de lêzers en it die bliken dat lêzers fan alle politike rjochtingen Der Spiegel lêze ([[CDUChristlich Demokratische Union Deutschlands (BRD)|CDU/CSU]] 36%, [[SPD]] 28%, De Grienen 18%, [[FDP]] 7%, [[Die Linke]] 5%)<ref> Statistyk: Wer liest/hört/sieht was warum?. Yn: Die Zeit, nû. 5/2006, side 64</ref> Dat komt ridlik yn de buert fan de útslach fan de Bundestagwahl fan dat jier, allinne binne neffens dy sifers de SPD-lêzers ûnderfertsjintwurdige en de Grienen oerfertsjintwurdige. Neffens sifers fan 2022 hat Der Spiegel in hjoeddeiske oplaach fan goed 730.000 eksemplaren en in lêzerspublyk fan 4,5 miljoen.
 
== Opfallende saken ==
Yn 1949 skreau Der Spiegel op in misledigjende toan oer de troanwikseling fan keninginne [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Wilhelmina]] en keninginne [[Juliana fan de Nederlannen|Juliana]]. Nei klachten fan it [[Nederlân]]ske regear ferbea de Britske besettingsmacht it tiidskrift foar twa wiken.
 
By de 'Spiegel-saak' yn 1962 waarden redakteuren fan it blêd bleatsteld oan in foarûndersyk nei mooglik lânferried. Oanlieding wie in artikel fan Der Spiegel oer it ûnfermogen fan Dútslân en de [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] om him te ferdigenjen as it op in oanfal fan de [[Sovjet-Uny]] op West-Europa kaam. In grut part fan de befolking wie solidêr mei it tiidskrift en yn it lân wiene demonstraasjes foar de redakteuren. De útkomst fan de saak wie dat der gjin haadproseduere iepene waard en dat twa staatssekretarissen en de doetiidske federale minister fan definsje [[Franz Joseph Strauss]] út it kabinet-Adenauer ôftrede moast. Ek tsjintwurdich wurdt de saak noch sjoen as in fersterking fan de parsefrijheid yn Dútslân.
 
Op 19 desimber 2018 makke Der Spiegel bekend dat harren meiwurker Claas Relotius in soad artikels skreaun hie mei optochte persoanen, sitaten en 'feiten'. It wie it grutste sjoernalistike skandaal yn Dútslân sûnt de ferfalske deiboeken fan Hitler yn it tydskrift Stern (1983).