Ynskedee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:LocatieEnschede.png|right]]
{{Ynfoboks gemeente
'''Ynskedee'''<ref>''Bûsboekje 2005'', Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 151.</ref><ref>[https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/35-f/366-faber-hein-f Bygelyks neamd as "Ynskedee" yn 'e biografy fan Hein F. Faber op Sirkwy]</ref> ([[Nederlânsk]] en offisjeel: ''Enschede''; [[Nedersaksysk]]: ''Eanske'') is in stêd en [[Gemeenten yn Oerisel|gemeente]] yn de [[provinsje]] [[Oerisel]], mei 152.311 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in oerflak fan 141,47 km². Ynskedee krige yn [[1325]] [[stedsrjochten]], wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.
| namme = Ynskedee <br> <small>''Enschede''</small> <br> <small>''Eanske''</small>
| ôfbyld = [[Ofbyld:Enschede,_binnenstad.jpg|300px]] <br> Sintrum fan Ynskedee
| flagge = [[Ofbyld:Flag_of_Enschede.svg|120px|border]]
| wapen = [[Ofbyld:Enschede_wapen.svg|80px]]
| lokaasje = [[Ofbyld:NL_-_locator_map_municipality_code_GM0153_(2016).png|260px]]
| lân = {{NEDf}}
| bestjoerlike ienheid 1 = provinsje
| namme bestjoerlike ienheid 1 = {{NL-OVf}}
| bestjoerlike ienheid 2 =
| namme bestjoerlike ienheid 2 =
| bestjoerlike ienheid 3 =
| namme bestjoerlike ienheid 3 =
| boargemaster = Roelof Bleker
| haadplak = Ynskedee
| grutste plak = Ynskedee
| ynwennertal = {{Statistyk gemeente Nederlân ynwenners|Ynskedee}} <small>({{Statistyk gemeente Nederlân ynwenners|TXT=Year}})</small>
| befolkingstichtens = 1145 /km²
| oerflak = 142,72 km²
| wêrfan lân = 140,83 km²
| wêrfan wetter = 1,89 km²
| tal stêden = 1
| tal doarpen = 4
| ferkearsieren = [[Rykswei 35|A35]], [[Rykswei 35|N35]], [[Rykswei 18|N18]], [[Provinsjale wei 732|N732]], [[Provinsjale wei 733|N733]],[[Ring Ynskedee]], [[Bundesstraße 54|B54]]
| oprjochte = [[1325]]
| perioade 1 =
| namme perioade 1 =
| perioade 2 =
| namme perioade 2 =
| perioade 3 =
| namme perioade 3 =
| perioade 4 =
| namme perioade 4 =
| perioade 5 =
| namme perioade 5 =
| opheft =
| opgien yn =
| no part fan =
| netnûmer = 053
| postkoades = 7500-7549
| tiidsône = [[UTC]] +1
| simmertiid = UTC +2
| webside = [http://www.enschede.nl/ www.enschede.nl]
}}
'''Ynskedee'''<ref>''Bûsboekje 2005'', Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 151.</ref><ref>[https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/35-f/366-faber-hein-f Bygelyks neamd as "Ynskedee" yn 'e biografy fan Hein F. Faber op Sirkwy]</ref> ([[Nederlânsk]] en offisjeel: ''Enschede''; [[Nedersaksysk]]: ''Eanske'') is in stêd en [[Gemeente (bestjoer)|gemeente]] yn it easten fan de [[Nederlân]]ske [[provinsje]] [[Oerisel]] yn de krite [[Twinte]], mei {{Statistyk gemeente Nederlân ynwenners|Ynskedee}}&nbsp;ynwenners ({{Statistyk gemeente Nederlân ynwenners|TXT=Year}}, boarne: [[Sintraal Buro foar de Statistyk|CBS]]), en mei in oerflak fan 141,47&nbsp;km². De stêd foarmet in stêdekloft mei it oer de grins yn [[Dútslân]] lizzende [[Gronau (Noardryn-Westfalen)|Gronau]]. Ynskedee krige yn [[1325]] [[stedsrjochten]], dat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.
 
It haadplak fan de gemeente is de stêd Ynskedee, en de oare plakken yn de gemeente binne: [[Boekelo (Ynskedee)|Boekelo]], [[Glanerbrug]], [[Lonneker]] en [[Usselo]]. Oant [[1935]] omfieme de gemeente Ynskedee allinnich de stêd Ynskedee. Doe waard de gemeente [[Lonneker]], dy't de stêd alhiel omkrong, anneksearre nei in flugge yndustriele útwreiding fan Ynskedee dy't yn de 1860-er jierren úteinsette. Yn dy snuorje waarden spoarlinen oanlein en it [[Twintekanaal]] groeven.
== Plakken ==
It haadplak fan de gemeente is de stêd Ynskedee, en de oare plakken yn de gemeente binne: [[Boekelo (Ynskedee)|Boekelo]], [[Glanerbrug]], [[Lonneker]] en [[Usselo]].
 
Ynskedee is ferneamd om syn [[fuotbal]]klup [[FC Twente]], de [[Universiteit Twinte]] en de bierbrouwerij [[Grolsch]].
== Eksterne ferwizing ==
 
De gemeente Ynskedee wurket gear yn de [[Regio Twinte]] en docht mei oan de [[EUREGIO]], it earste regionale oer de grins rinnende gearwurkingsferbân yn [[Jeropa]].
 
== Skiednis ==
=== Iere skiednis ===
[[Ofbyld:Stadhuis.Enschede.Hek1.jpg|thumb|left|Detail op it stek fan it stedhûs fan Ynskedee, dy't it jaan fan de stedsrjochten útbyldet ]]
[[Ofbyld:Enschede jvd.jpg|thumb|left|Ynskedee yn 1570]]
Der is net folle oer de iere skiednis fan Ynskedee bekend, mar der bestie yn de [[iere midsiuwen]] nei alle gedachten in [[iesdoarp]] om de Alde Merk hinne. De namme fan dat doarp waard neamd as ''Anescede'' of ''Enscede'' itjinge "by de grins" (mei [[Greefskip Bentheim|Bentheim]]) of "by de ies" betsjut. Dêr moast al in tsjerke, in merk en in [[boarch]] stien hawwe.
 
It doarp ûntjoech him op it súdlike punt fan in [[driuwwâl]] en kaam op de hannelsrûte fan [[Dimter]] nei [[Múnster]] te lizzen en koe him doe ûntjaan as in wichtich hannelsplak.
 
Om [[1300]] hinne krige Ynskedee [[stedsrjochten]], dy't yn [[1325]] troch de [[Biskoppen fan Utert|Utertske biskop]] [[Jan III fa Diest]] befêstige waarden. Dêrnei mocht de stêd in stedsmuorre bouwe. Om't in stiennen muorre te djoer wie, om't stien ynfierd wurde moast, wurp Ynskedee in kompleks fan [[grêft]]en, [[palissade]]n en hagen op. Dy komme noch hieltyd yn de hjoeddeistige strjitnammen foar lykas ''Noorderhagen'' en ''Zuiderhagen''. It stedsplattegrûn fan dy snuorje is hjoed-de-dei noch hieltyd werom te kennen. De stêd koe yn [[1597]] yn de [[Tachtichjierrige Kriich]] ferwoastging tefoaren komme nei't de Spanjerts nei in koarte belegering harren rillegau oerjoegen.
 
Om't de midsiuwske stêd foar it grutste part út houten bouwurken bestie, wie brân algeduerigen in grut risiko. In searje stedsbrannen yn [[1517]], [[1750]] en op [[7 maaie]] [[1862]] joech de ynwenners fan Ynskedee de bynamme "Brânstifters".
 
=== Yndustrialisaasje ===
Nei de lêste stedsbrân woeks de stêd út ta in grut produksjesintrum fan [[tekstyl]], dat ta in grutte befolkingsoanwaaks late. Tekstylfamyljes lykas Van Heek, Ter Kuile, Jannink, Blijdenstein, Tatterall & Holdsworth en Menko foarmen in machtige [[oligargy]] dy't in grutte ynfloed op de stedske maatskippij hie. De tekstyl hat syn spoaren efterlitten lykas de foar yn dy snuorje nijmoadrige wenwiken. In foarbyld is De Krim (1861), dy't de earste wyk foar arbouders boud waard mar letter tige fertutearze waard en lang om let yn [[1935]] ôfbrutsen waard. Ek it túndoarp Pathmos (1924) en de wyk Laares (1930) en guon stedsparken wiene foarbylden dy't op oansetten fan de tekstylfabrikanten ûntjûn warden. Yn [[1894]] hie de stêd al 18.267 ynwenners.
 
Yn [[1891]] joech de sosjaal dreaune preester en parochyfikaris Alfons Ariëns yn Ynskedee de oanset ta ûntwikkeling fan de katolike arbeidersbeweging yn it easten fan Nederlân. De sosjalistyske arbeidersbeweging stie efter in rige arbeidersskelen yn de tekstylyndustry dy't rjochte waarden tsjin de sosjale misstannen yn dy snuorje.
 
=== Twadde Wrâldkriich ===
[[Ofbyld:Britse soldaten van het Seventh Hampshire Regiment rukken op van Enschede naar H, Bestanddeelnr 900-2374.jpg|thumb|Britske soldaten lûke op fan Ynskedee nei Hengelo yn april 1945]]
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] wie Ynskedee ien fan de earste Nederlânske stêden dy't troch Dútske troepen beset waarden. Fersetslju holpen in soad [[Joaden]] fan Ynskedee mei it ûnderdûken yn pleatsen om de stêd hinne. Fan de 1300 Joaden yn Ynskedee waarden der 500 rêden, 38,5%, neffens de trochsneed fan 20% yn Nederlân. Dat hege oerlibbingsoantal is te tankjen oan trije leden fan de Joadske Rie fan Ynskedee, Sig Menko, Gerard Sanders en Isidoor van Dam, dy't de oanset joegen, tsjin it adfys yn fan de Joadske Rie fan [[Amsterdam]], harren mienskip oan te trunen om ☼nder te dûken en de oprop fan de Dútsers om te "wurkjen yn it Easten" te negearjen. Ek pastoar Leendert Overduin wie warber yn it helpen fan hûnderten Joadske bern en folwoeksenen, mei help fan syn suster en guon oaren, yn it opsetten fan in netwurk fan ûnderdûkadressen yn en om Ynskedee hinne.
 
Ynskedee wie it doelwyt fan ferskate bombardeminten, benammen dy fan [[10 oktober]] [[1943]] en [[22 febrewaris]] [[1944]]. It earste bombardemint op it [[Twente Airport|fleanfjild Twinte]] wie in gelegenheidsdoel foar it ''VIII Bomber Command'' foar in missy op de spoar- en wetterwegen yn [[Múnster]]. 141 minsken kamen dêrby om it libben. By it twadde bombardemint waard Ynskedee as in gelegenheidsdoel neamd yn ''Big Week'' nei'T bommesmiters werom hjitten waarden omreden min waar.
 
=== Lettere ûntjouwings ===
[[Ofbyld:Netherlands, Enschede, Buitenplaats Zonnebeek (1).JPG|thumb|De tekstylfabrikanten bouden lúkse bûtenferbliuwen oan de râne fan de stêd]]
[[Ofbyld:Ramp enschede.jpg|thumb|De [[Fjoerwurkramp yn Ynskedee]] op 13 maaie 2000]]
Yn de [[1960-er jierren]] rekke de tekstylyndustry folslein yn it neigean en 30.000 banen rekken dêrby ferlern. De measte fan de grutte tekstylfabriken waarden yn de folgjende desenniums ôfbrutsen, wylst guon oaren in oare bestimming krigen, lykas yn de eardere fabryk fan Jannink en Van Heek. Boppedat waard in part fan de kompleks fan Jannink ta in museum omfoarme. Ynskedee begûn him doe ta in tsjinstestêd te ûntjaan.
 
Yn de [[1970-er jierren]] wie it dien mei de tekstylyndustry yn Ynskedee, troch swiere konkurrinsje yn it [[Fiere Easten]]. Dat hie in grut gefolch foar de befolking. Ynskedee waard ien fan de earmste gemeenten yn Nederlân en rekke suver fallyt. Grutte leechsteande yndustrykompleksen waarden it skaaimerk fan de stêd. Mei help fan de nasjonale oerheid waarden dy kompleksen oankocht en fannijs werynrjochte foar wenten, winkels en kantoaren. It sintrum waard revitalisearre en as in autofrij gebiet omfoarme.
 
Yn [[1961]] waard buorkundich makke dat der in tredde technyske hegeskoalle yn Nederlân stifte wurde soe. De grûn dêrfoar waard troch de gemeente Ynskedee oanbean. Yn [[1964]] wie de Technyske Hegeskoalle Twinte, letter [[Universiteit Twinte]], ree. It heger ûnderrjocht yn Twinte waard yn Ynskedee konsintrearre mei ûnder oaren [[Saxion]] en ARTEZ-hegeskoalle foar de keunsten. Ek kamen der in tal wichtige soarchynstellings, lykas it [[Medysk Spektrum Twinte]] (MST) en in revalidaasjesintrum. De grutste wurkjouwers yn de stêd binne [[Apollo Vredestein BV|Apollo Vredestein]], [[Grolsch]] en Menzis mei respektivelik 1500, 750 en 750 wurknimmers.
 
Op [[13 maaie]] [[2000]] ûntplofte in [[Fjoerwurkramp yn Ynskedee|fjoerwurkfabryk]] yn Ynskedee, dêr't in grut part fan de wyk [[Roombeek]] by ferwoastge rekke. 23 minsken, wêrûnder 4 brânwachtlju kamen dêrby om it libben. Yn [[2012]] waard it ophelpen fan Roombeek dienmakke. Op it plak fan it fjoerwurkfabryk stiet hjoed-de-dei in monumint.
 
De [[Aphatoer]], in wentoer fan 101 meter heech mei 91 aparteminten op 29 ferdjippings, waard yn [[2008]] oplevere. Hy is it heechste gebou fan Ynskedee en [[Oerisel]].
 
Yn it tiidrek 1995-2010 woeks it ynwennertal fan de stêd mei likernôch 10.000 minsken, mar bleau dêrnei hingjen.
== Geografy ==
[[Ofbyld:Gem-Enschede-OpenTopo.jpg|thumb|Gemeentekaart fan Ynskedee]]
Ynskedee leit yn de Oeriselske krite [[Twinte]] op in pear kilometer fan de Dútsk-Nederlânske grins. De stêd leit suver tsjin de Dútske stêd [[Gronau (Noardryn-Westfalen)|Gronau]] oan. Mank mei Gronau en [[Hengelo]] en [[Borne]] foarmet Ynskedee in [[agglomeraasje]] fan 400.000 ynwenners. Yn de 1990-er jierren ûntstiene der plannen en foegje de gemeenten Ynskedee, Hengelo en Borne gear ta ien gemeente [[Twintestêd]]. Yn [[2000]] waard it plan ynlutsen, omreden benammen in yn Hengelo holden referindum útwiisde dat der alhiel gjin draachflak ûnder de pleatslike befolking wie. Yn [[2001]] waard úteinset mei in yntinsive gearwurking tusken de gemeenten Ynskedee, Hengelo, Borne, [[Oldenzaal]] en [[Almelo]] as [[Netwurkstêd Twinte]]. Dy Netwurkstêd wurket ek nau gear mei [[Múnster]] en [[Osnabrück]] yn de Stêdetrijehoeke MONT (Múnster, Osnabrück en Netwurkstêd Twinte)
 
=== Klimaat ===
[[Ofbyld:Rolling-thunder-cloud.jpg|thumb|Swierwaar oer Ynskedee hinne]]
Ynskedee hat, lykas de rest fan Nederlân]] in [[seeklimaat]], alhoewol't de winters dêre minder myld binne as de rest fan Nederlân, omreden syn lizzing mear yn it ynlân.
 
{{Tabel waargemiddelden
| lokaasje=Ynskedee
| boarne<ref>[https://weerstatistieken.nl/twente ''Weerstatistieken Twente''] [[Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút|KNMI]]</ref>
| jan_gem=2.8 | jan_gem_ns=70.8
| feb_gem=3.2 | feb_gem_ns=55.4
| mrt_gem=5.8 | mrt_gem_ns=58.1
| apr_gem=9.6 | apr_gem_ns=43.7
| mei_gem=13.2 | mei_gem_ns=57.2
| jun_gem=16.0 | jun_gem_ns=64.8
| jul_gem=18.1 | jul_gem_ns=77.6
| aug_gem=17.6 | aug_gem_ns=79.4
| sep_gem=14.2 | sep_gem_ns=67.3
| okt_gem=10.3 | okt_gem_ns=67.5
| nov_gem=6.3 | nov_gem_ns=66.1
| dec_gem=3.5 | dec_gem_ns=76.4
| jaar_gem=10.0 | jaar_gem_ns=784.3
| jan_gem_min=-0.0 | jan_gem_max=5.3
| feb_gem_min=-0.2 | feb_gem_max=6.3
| mrt_gem_min=1.3 | mrt_gem_max=10.1
| apr_gem_min=3.5 | apr_gem_max=14.9
| mei_gem_min=7.0 | mei_gem_max=18.6
| jun_gem_min=9.8 | jun_gem_max=21.4
| jul_gem_min=12.1 | jul_gem_max=23.6
| aug_gem_min=11.7 | aug_gem_max=23.2
| sep_gem_min=9.1 | sep_gem_max=19.3
| okt_gem_min=6.2 | okt_gem_max=14.4
| nov_gem_min=3.1 | nov_gem_max=9.2
| dec_gem_min=0.8 | dec_gem_max=5.8
| jaar_gem_min=5.4 | jaar_gem_max=14.3
| jan_a_min=-21.8 | jan_a_max=14.5
| feb_a_min=-21.8 | feb_a_max=19.5
| mrt_a_min=-16.8 | mrt_a_max=24.5
| apr_a_min=-8.8 | apr_a_max=29.3
| mei_a_min=-3.9 | mei_a_max=31.8
| jun_a_min=-0.6 | jun_a_max=35.4
| jul_a_min=3.0 | jul_a_max=40.2
| aug_a_min=1.3 | aug_a_max=36.2
| sep_a_min=-3.5 | sep_a_max=32.1
| okt_a_min=-8.5| okt_a_max=27.9
| nov_a_min=-11.4 | nov_a_max=19.8
| dec_a_min=--16.3 | dec_a_max=16.3
| jaar_a_min=-21.8 | jaar_a_max=40.2
}}
 
=== Yndieling ===
De gemeente Ynskedee is ferparte yn in fiif stedsdielen:
 
* [[Stedsdiel Sintrum (Ynskedee)|Sintrum]] ([[Binnenstêd (Ynskedee)|Binnenstêd]], Boddenkamp, De Bothoven, 't Getfert, Hogeland Noord, Horstlanden-Veldkamp, Laares, Lasonder-'t Zeggelt)
* [[Stedsdiel Noard (Ynskedee)|Noard]] ([[Lonneker]], Deppenbroek, Bolhaar, Mekkelholt, [[Roombeek]], Twekkelerveld)
* [[Stedsdiel East (Ynskedee)|East]] (Wooldrik, Velve-Lindenhof, De Eschmarke, 't Ribbelt, Stokhorst, Dolphia, ’t Hogeland, [[Glanerbrug]])
* [[Stedsdiel Súd (Ynskedee)|Súd]] (Wesselerbrink, Helmerhoek, Stroinkslanden)
* [[Stedsdiel West (Ynskedee)|West]] (Boswinkel, Ruwenbos, Pathmos, Stadsveld, Bruggert, ’t Zwering, ’t Havengebied, De Marssteden, [[Boekelo (Ynskedee)|Boekelo]], [[Usselo]], [[Twekkelo]])
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.enschede.nl Webstee fan de gemeente]