Ynskedee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 82:
Yn de [[1970-er jierren]] wie it dien mei de tekstylyndustry yn Ynskedee, troch swiere konkurrinsje yn it [[Fiere Easten]]. Dat hie in grut gefolch foar de befolking. Ynskedee waard ien fan de earmste gemeenten yn Nederlân en rekke suver fallyt. Grutte leechsteande yndustrykompleksen waarden it skaaimerk fan de stêd. Mei help fan de nasjonale oerheid waarden dy kompleksen oankocht en fannijs werynrjochte foar wenten, winkels en kantoaren. It sintrum waard revitalisearre en as in autofrij gebiet omfoarme.
 
Yn [[1961]] waard buorkundich makke dat der in tredde technyske hegeskoalle yn Nederlân stifte wurde soe. De grûn dêrfoar waard troch de gemeente Ynskedee oanbean. Yn [[1964]] wie de Technyske Hegeskoalle Twinte, letter [[Universiteit Twinte]], ree. It heger ûnderrjocht yn Twinte waard yn Ynskedee konsintrearre mei ûnder oaren [[Saxion]] en ARTEZ-hegeskoalle foar de keunsten. Ek kamen der in tal wichtige soarchynstellings, lykas it [[Medysk Spektrum Twinte]] (MST) en in revalidaasjesintrum. De grutste wurkjouwers yn de stêd binne [[Apollo Vredestein BV|Apollo Vredestein]], [[Grolsch]] en Menzis en bierbrouwerij [[Grolsch]] mei respektivelik 1500, 750, 750 en 750650 wurknimmers.
 
Op [[13 maaie]] [[2000]] ûntplofte in [[Fjoerwurkramp yn Ynskedee|fjoerwurkfabryk]] yn Ynskedee, dêr't in grut part fan de wyk [[Roombeek]] by ferwoastge rekke. 23 minsken, wêrûnder 4 brânwachtlju kamen dêrby om it libben. Yn [[2012]] waard it ophelpen fan Roombeek dienmakke. Op it plak fan it fjoerwurkfabryk stiet hjoed-de-dei in monumint.
Rigel 150:
* [[Stedsdiel Súd (Ynskedee)|Súd]] (Wesselerbrink, Helmerhoek, Stroinkslanden)
* [[Stedsdiel West (Ynskedee)|West]] (Boswinkel, Ruwenbos, Pathmos, Stadsveld, Bruggert, ’t Zwering, ’t Havengebied, De Marssteden, [[Boekelo (Ynskedee)|Boekelo]], [[Usselo]], [[Twekkelo]])
 
== Religy ==
It grutste leauwe yn Ynskedee is it [[kristendom]] mei 34,9% fan de befolking. [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Roomsk-katoliken]] foarmje de grutste groep dêrfan (17%), wylst 5,3% leden fan de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke]], 4% fan de [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|grifformearde tsjerke]], en 3,2% fan de [[Protestantske Tsjerke yn Nederlân|protestantske tsjerke]] binne. [[Islam]]iten foarmje 6% fan de befolking.
 
Ynskedee hat in grutte [[Assyrjers|Assyryske]] mienskip. De earste Assyrjers kamen yn de 1970-er jierren nei Ynsedee, benammen fan [[Turkije]]. Dêrom binne der hjoed-de-dei trije Syrysk-otterdokse tsjerken yn de stêd foar de likernôch 10.000 Assyrjers dy't yn Ynskedee wenje.
 
By [[karnaval]], dy't ornaris yn febrewaris of maart holden wurdt, wurdt Ynskedee tydlik omneamd ta ''Krekkelstad'' itjinge "Imerkestêd" (nl: ''Krekelstad'') betsjut.
 
=== Religieuze gebouwen ===
* [[Grutte Tsjerke (Ynskedee)|Grutte Tsjerke]], de midsiuwske, hjoed-de-dei Herfoarme tsjerek oan de Grutte Merk.
* [[Sint-Joazeftsjerke (Ynskedee)|Sint-Joazeftsjerke]]; boud yn 1893 en mei de 77-meter hege toerspits it twad heechste gebou fan de stêd nei de [[Alphatoer]]
* De Lasondertsjerk; grifformearde tsjerke boud yn 1927. Oant 1970 earde it tsjerkegebou ta de Nederlânsk Herfoarmde Gemeente. Sûnt 2004 is it tsjerkegebou, op de hoeke fan de ''Lasondersingel'' en de ''H.B. Blijdensteinlaan'', in [[ryksmonument]].
* De [[Jakobustsjerke (Ynskedee)|Jakobustsjerke]]: in roomsk-katolike tsjerke oan de Alde Markt mei [[Romaanske arsjitektuer|neoromaanske]] en [[Byzantynske arsjitektuer|Byzantynske]] styleleminten, wijd oan [[Jakobus de Meardere]] (patroanhillige fan Ynskedee).
* De [[parochytsjerke]] Hillige Paulus mei priorij [[Mienskip fan Sint-Jan]] út 1957, ûntwurpen troch Johannes Sluijmer yn de styl fan de [[De Boskske Skoalle|Boskske Skoalle]], ''G.J.van Heekstraat/Weegschaalstraat''.
* De [[Synagoge fan Ynskedee|Synagoge]] (''Prinsestraat''; ûntwurpen troch Karel de Bazel; boud yn 1927–1928)
* De Syrysk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochje Mor Kuryakos (''Wesselerbrinklaan 110''; boud yn 1998)
* De Syrysk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochje Mor Yakub fan Sarugh (''M. H. Tromplaan 50'')
* De Syrysk-Ootterdokse Tsjerke fan Antiochje Mor Petrus en Paulus (''Het Leunenberg 588'')
 
== Keppeling om utens ==