Ynskedee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 23:
| tal stêden = 1
| tal doarpen = 4
| ferkearsieren = {{Piktogram dyk Nederlân A-wei|35}}, [[Rykswei{{Piktogram 35dyk Nederlân N-wei|N35]]35}}, [[Rykswei{{Piktogram 18dyk Nederlân N-wei|N18]]18}}, [[Provinsjale{{Piktogram weidyk 732Nederlân N-wei|N732]]732}}, [[Provinsjale{{Piktogram weidyk 733Nederlân N-wei|N733]]733}},[[Ring  {{Piktogram dyk Nederlân Ringwei|||Ynskedee]]}}, [[Bundesstraße 54|B54]]
| oprjochte = [[1325]]
| perioade 1 =
Rigel 172:
* De Syrysk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochje Mor Yakub fan Sarugh (''M. H. Tromplaan 50'')
* De Syrysk-Ootterdokse Tsjerke fan Antiochje Mor Petrus en Paulus (''Het Leunenberg 588'')
 
== Kultuer ==
=== Museums en keunst ===
Ynskedee hat twa [[museum]]s. It [[Ryksmuseum Twinte]] kaam fuort út in inisjatyf fan de Twintske tekstylbaron Jan Bernard van Heek dy't syn skilderijesamling ûnderbringe woe yn in nij ryksmuseum yn Ynskedee. Yn 1930 waard dat museum iepene. It museum stalt wikseljende útstallings fan hjoeddeistige, nijmadrige en klassike keunst út. ''[[De Museumfabriek]]'' (earder ''TwentseWelle'') is in museum yn de wyk [[Roombeek]] dat ûntstien is út in fúzje fan trije ynstellings: ''Natuurmuseum Enschede'', ''Van Deinse Instituut'' en it Fabrykskompleks ''Jannink''. Yn dat museum wurdt it kultuerhistoarysk erfguod fan Twinte keppele oan it natoerhistoarysk erfguod. It museum waard yn 2008 troch doetiidske keninginne [[Beatrix fan de Nederlannen|Beatrix]] iepene.
 
Njonken museums hat Ynskedee ferskate keunstútstallings fan byldzjende keunst. De meast promininte binne: ''Concordia'', itjinge in keunstsintrum op de Alde Merk en de ''Langestraat'' is; ''Villa de Bank''; ''TETEM'' en ''PLANETART''. Ynskedee is ek it thús foar it Nederlânsk Symfonyorkest.
 
=== Muzyk en teäter ===
De Dútsk-Nederlânske relaasje is karakteristyk foar de muzykkultuer, dy't ûntstei troch gearwurkjen yn it grinsgebet yn de 19e en 20e iuw en de dominante tekstylyndustry. Benammen yn in tiid fan omkear nei de [[Earste Wrâldkriich]] ûntjoech him yn Gronau en Ynskedee in nauwe Dútsk-Nederlânske kulturele gearwurking, dy't hieltyd wichtiger waard troch strykkwartetten, salonorkesten en ''hot dance''-muzykgroepen oant en mei [[symfonyorkest|symfony-orkest]]en en it operaselskip, ''Enschedesch Opera en Operette Gezelschap'', mei harren eigen foarstellings. Ek waard [[jazz]] fan de 1920-er jierren ôf populêr.
 
De trije wichtichste konsertpoadiums foar klassyk muzyk yn Ynskedee binne ''Muziekcentrum'', Skouboarch fan Twinte en de Grutte Tsjerke, dy't sûnt septimber 2002 ûnder de namme ''Podium Twente'' foarstelle en sûnt septimber 2011 ûnder de namme ''Wilminktheater en Muziekcentrum Enschede''. Der is in grut ferskaat oan konserten, teäter, en jongerefoarstellings.
 
Yn novimber 2008 iepene it Nasjonaal Muzykketier yn Ynskedee. In nij grut teäter, poppoadium Atak, ArtEZ-Konservatoarium, it Orkest fan it Easten (hjoed-de-dei it Nederlânsk Symfonyorkest), Muzykskoalle Twinte, de Nederlânske Reisopera en Poadium Twinte (hjoed-de-dei Wilminktheater en Muziekcentrum Enschede'') hawwe harren yn it dominate gebou foar it [[Stasjon Ynskedee]] oer fêstige. Yn nij grut plein, ''Willem Wilminkplein'', dy't op it sintrum en de Alde Merk oanslút, waard yn 2012 oanlein.
 
Yn desimber 2012 waard [[Serious Request]] fan [[Radio 3FM]] yn Ynskedee holden, dy't wol mear as 12,2 miljoen euro opbrocht.
 
=== Utgean ===
Benammen op de Alde Merk en yn de sydstrjitten binne in soad útgeansgelegenheden, lykas it monumuntale pân ''De Pakkerij'', dêr't de Ynskedeeske studinteferienings te finen binne. Gauris binne der eveneminten op de Alde Merk, lykas beachfollybal, it Ynternasjonaal Jazzfestival Ynskedee en ''Grolsch Summer Sounds''. Der binne ek inkelde poppoadiums, lykas poppoadium ''Metropool'', jazzpoadium ''de Tor'' en ''Cafe Rocks'' oan de ''Hofstraat'' mei it lytste poadium fan Twinte, en it ''NiXenMeeR'' oan de ''Everhardt van der Marckstraat''.
 
<gallery widths="150" class="center">
File:Enschede_-_2021_-_Rijksmuseum_Twenthe.jpg|[[Ryksmuseum Twinte]]
File:Atak.jpg|Eardere gebou fan it poppoadium Atak
File:2007 St. Jacobs Church Enschede.jpg|Ynterieur fan [[:nl:Sint-Jacobus de Meerderekerk (Enschede, 1934)|de Jakobustsjerke]]
File:Watertoren jannink 1900.jpg|[[:nl:Fabriekscomplex Jannink|Fabrykskompleks Jannink]]
File:Langestraat, Enschede, Netherlands - panoramio (1).jpg|[[:nl:Stadhuis van Enschede|Stedhûs fan Ynskedee]]
File:Enschede - 2021 - De Museumfabriek 01.jpg|[[De Museumfabriek]]
File:Volkspark (Enschede).jpg|[[:nl:Volkspark (Enschede)|Volkspark]]
File:Twekkelo Stroot Poort.jpg|Poarte fan [[:nl:Huis Hengelo|Huis Hengelo]]
File:071-1211 Enschede 061.JPG|Bylden op it Skouboarch Twinte
File:Grote Markt Enschede 2019 2.jpg|[[:nl:Oude Markt (Enschede)|Alde Merke]]
</gallery>
 
 
 
== Keppeling om utens ==