Willem Verf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije roman + ynformaasje oer de skriuwer tafoege
Rigel 4:
 
Neist syn wurk skreau er Fryske boeken.
 
 
== Wurk ==
'''Jong yn Snits'''
 
Willem Verf waard berne yn Snits yn 1949. Hy woeks op yn it Sperkhem. Hy hat gjin broers en susters. Yn de húshâlding wienen likegoed mear bern: 4 ferskillende skippersjonges út itselde gesin wienen jierrenlang troch de wike by de famylje Verf yn ‘e kost.
 
Willem syn mem Elsa kaam út it Dútse Roergebiet; syn heit Fedde wie Fries. Heit stoar yn 1965 relatyf jong. De lêste perioade fan syn libben wie Fedde Verf filiaalhâlder fan de winkel “Natura” (‘Alles voor uw dieren, Alles voor uw tuin’) yn de Nauwe Noorderhorne.
 
Neist it winkelwurk wienen Elsa en Fedde fjouwer jier it kostersechtpear dat de, doe krekt boude, Ichthus-tsjerke behearde.
 
As bern gie Willem nei de Wilhelmina-skoalle, en letter nei it Bogerman Lyceum.
 
Willem learde himsels gitaarspyljen, rjochte in skoalleband op, wie redakteur fan de skoallekrante ‘Limiet’. As besiker en frijwilliger wied er aktyf yn jongereinsintrum ‘De Meerpaal’.
 
Hy wurke in goed heal jier as suvelarbeider by ‘Normandia’ yn Snits.  Yn 1968 begoan er  syn stúdzje foar foarmingswurker yn Amersfoort, oan it ynstitút ‘Middeloo’, dêr’t er syn frou kennen learde.
 
 
'''Sosjaal en kultureel wurker yn Fryslân'''
 
Nei syn oplieding wurke er as foarmingslieder yn Beetstersweach en Dokkum, mei wurkjende jongerein út Eastelik Fryslân. Yn Ljouwert wie Willem ferfolgens mids jierren santich aktyf  yn it jongereinwurk fan ‘Het Vliet’. Dêrnei joech er twa jier lieding oan it ‘CBB’, dêr’t benammen ymmigranten út Suriname kursussen folgen, om har better ta te rieden op it funksjonearjen yn Nederlân.
 
Begjin jierren ’80 wied er ‘sekretaris/foarmingswurker’ by ‘De Jongerein’, de ea troch Wouter Zwart oprjochte feriening fan plattelânsjeugd en jonge boeren.
 
Letter yn de jierren tachtich wurke Willem Verf yn de folwoeksene-edukaasje yn Twizelerheide: de ‘Iepen Skoalle’. De wurkleazens wie ûndertusken in grut probleem yn Nederlân, en de Provinsje Fryslân subsidiearre dêrom ‘Wurkympuls’, in organisaasje dy’t projekten foar wurkleazen opsette en ynstellingen, bedriuwen en gemeenten advisearre dy’t aktiviteiten foar wurkleazen starte woenen. Willem Verf wie dêr oant 1996 direkteur fan, by de ynstelling wurken sa’n fyftjin persoanen.
 
Yn 1996 waard er direkteur fan it Ljouwerter wolwêzenswurk en bleaun dat oant syn pinsjoen yn 2011; doe’t hy fuortgie wurken der sa’n 160 minsken, dy’t har ûnder oaren dwaande hâlden mei pjuttewurk, berneopfang, jongereinwurk, opbouwurk, maatskiplik wurk en sosjaal kultureel wurk. Oan de Iewal hie de stichting ‘Hulp en Welzijn’, letter ‘Sinne Welzijn’, in Sosjale Winkel, dêr ’t elk te plak koe foar rie en help by sosjale kwestjes. It wie meast drok yn dy winkel, en fral foar ‘laaggeletterden’ en minsken mei in migraasje-eftergrûn wie it in unike foarsjenning.
 
De stichting fersoarge ek maatskiplik wurk yn in tal plattelânsgemeenten en foar de asylsikers fan it COA. Willem gie wat earder mei pinsjoen as dat hy eins woe, fanwege mieningsferskil mei de gemeente Ljouwert (fierwei de grutste subsidiïnt) oer wat de goede foarmjouwing fan it wolwêzenswurk wêze moast.
 
De amtlike top fan de gemeente woe de Sosjale Winkel slute en it Maatskiplik Wurk yntegrearje yn it wurk fan de ôfdieling sosjale saken, wat ek  barde nei Willem syn fertrek. Mei sa’n ferfrisseljen is de helpferliening net langer mear ûnôfhinklik en dan is de fertrouwensrelaasje tusken Maatskiplik Wurker en kliïnt net garandearre: neffens Verf in stap werom yn de ûntwikkeling. Fan de Ried fan Tasicht fan Sinne Welzijn krige Willem gjin stipe yn syn wrakseling mei de gemeente.
 
Dit gegeven, yn kombinaasje mei it amtlik foarnimmen ta it feitlik stopsetten fan de subsydzje foar it opbouwurk, it om hals bringen fan in eigen foarsjenning foar minsken mei in migraasje-eftergrûn, en it kommersjeel meitsjen fan pjutteplakken en berneopfang, late ta Willems  fertrek. Hy achte dit alles tige skealik foar benammen de minsken mei lege ynkommens. Sadwaande gied er mei pinsjoen op syn 62e, wat doe gelokkich noch krekt mooglik wie ûnder ridlike betingsten.
 
Úteinlik fielde it foar him persoanlik as in befrijïng, mar der is neffens Willem bliuwende skea tabrocht oan it sosjale wurk. Dat is slim foar de minsken mei in bytsje jild, en foar oaren dy’t it dreech hawwe om in dizze maatskippij oerein te bliuwen. It belied fan de lanlike oerheid makket dy skea allinne mar grutter, en de skiedslinen tusken befolkingsgroepen breder en wreder.
 
Gelokkich waakst de lêste jierren it besef dat it wurk net goed organisearre is en dat der tefolle op besunige is. Ynearsten is der noch gjin gearhingjende politike fizy, lit stean belied, wêrtroch duorsume ferbettering mooglik wurde kin. Mar wa wit…
 
 
'''Húshâlding'''
 
Willem en syn frou binne sûnt 1969 by elkoar, hja trouden yn septimber 1972. Yn de maaitiid fan datselde jier kochten sy it wâldspultsje yn Ikkerwâld dêr’t hja noch altyd wenje. Se hawwe trije bern, twa famkes en ien jonge. Foar ferskate jonge bern ferfolje Willem en syn frou in rol as pake en beppe.
 
 
'''Politike aktiviteit'''
 
Om 1970 hinne waard Willem lid fan de PPR, bleaun lid en is dus lid fan GrienLinks.
 
Yn de jierren santich wied er mei-oprjochter en foarsitter fan de lokale D66-PPR kombinaasje yn Dantumadiel; yn de jierren tachtich hie Verf ferskate funksjes yn de PPR en Grien(Groen)Links lykas: partijriedslid, dielnimmer of foarsitter fan tematyske wurkgroepen, ynsidinteel kongresfoarsitter, foarsitter Provinsjaal bestjoer, foarsitter provinsjale stipefraksje.
 
Fan 1995-2003 wie Willem Verf fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Provinsjale Steaten fan Fryslân. Nei ‘99 bestie dizze fraksje út fiif persoanen. Troch kollega’s fan alle partijen waard er yn 1999 oanmurken as bêste steatelid. Ûnderwerpen dêr’t er him foaral mei dwaande hâlde wienen: de regionale ekonomyske ûntjouwing, lânbou, taal en kultuer, noardlike gearwurking, provinsjale organisaasje, finânsjes.
 
Ûndertusken is GroenLinks yn it begjin fan dizze iuw neffens Willem tefolle nei de liberale kant opskood. Solidariteit tusken befolkingsgroepen en relatyf lytse ynkommens- en fermogensferskillen: dat is neffens Verf needsaaklik, wol in demokrasy funksjonearje kinne.
 
Yn 2015 besocht er op in ferkiesber plak op de kandidatelist foar de Earste Keamer te kommen. Spitigernôch moast er krekt op it momint dat er him profilearje soe by de ynterne ferkiezings fan de partij, in pittige operaasje ûndergean en in revalidaasjeperioade yn acht nimme, dy’t in pear moanne duorre. Hy wie letterlik net yn byld. It waard sadwaande in treastpriis, nûmer 13. Foar 2019 en 2023 hat er him net wer kandidaat steld.
 
Sûnt syn pensjonearring docht er no en dan ‘putsjes’ foar de partij, yn kommisjes foar konsept-programma’s of kandidatelisten bygelyks. Hy is heul bliid dat er bydrage mocht oan it ta stân kommen fan ‘Sociaal Links’, de kombinaasje fan PvdA, GrienLinks, SP-leden en ûnôfhinklike progressive minsken yn Dantumadiel. De nije partij naam mei sukses diel oan de gemeenteriedsferkiezings yn 2018 en 2022 en makket no diel út fan it kolleezje.
 
Yn publikaasjes en troch ynterne aksje liet er fernimme grut foarstanner te wêzen fan in yntinsive gearwurking tusken GroenLinks, SP en PvdA. Der wie in strieminne ferkiezingsútslach nedich om ek as lanlike partijtoppen de linkse gearwurking as needsaaklik te erkennen. Mar, gelokkich: der komt in positive ûntwikkeling op gong, dêr’t hieltyd mear minsken har entûsjast by oanslute. Spitich dat de SP net meidwaan wol by dizze sa needsaaklike ûntjouwing.
 
Willem Verf tinkt dat op termyn yn de heechûntwikkele moderne maatskippij in betingst-leas basisynkommen foar elk nedich is dat foldwaande is om folweardich maatskiplik te funksjonearjen.
 
Willem is net tefreden oer de ynterne partijstruktuer sa’t dy no bestiet by GroenLinks, dy’t formeel demokratysk is, mar de ynterne diskusje deaslacht. It is in top-down organisaasje woarn, dêr’t oant foar koart leden foaral opdrave mochten op massale meetings om lieder en partijtop oan te hearren, by foarkar mei jûchhei. De persoanskultus om Jesse Klaver hinne wie mooglik troch de iensidige partijstruktuer. By alle wurdearring dy ‘t Willem hat foar de kwaliteiten fan Klaver, hy wie en is fan miening dat dizze kultus te fier trochsketten is.
 
Dêr komt by dat it super-kapitalistyske facebook, twitter en oare ‘sosjale’ mediums yntinsyf en tige planmjittich brûkt wurde troch de partijlieding om propaganda te meitsjen. Krityske geasten, dy’t fierder foarút sjogge as de waan fan de dei, warskôgje mei goed ûnderboude arguminten foar de ferwoastende ynfloed fan sokke mediums, apps en harren ynboude manipulaasje-software op de maatskiplike kohesy.
 
Wat dan wol? Duorsum de kiezers oan jin bine, dat kin allinne mei in deeglik ûnderboud begjinselprogramma dat aktueel hâlden wurdt troch safolle mooglik belutsen partijleden, en dat útdroegen wurdt yn it ynterminsklik kontakt. De bân mei it publyk mei net ôfhinklik wêze fan flechtige kontakten fia de smartphone, en ek net fan de ynnimmende persoanlikheid en de ynsichten fan in inkeld minske en syn lytse kotery. In linkse partij moat krekt rûmte biede oan trochgeande kreative diskusje; petearen dy’t brûkbere ideeën opsmite foar in skjinne wrâld, dêr ‘t earlik dielen en solidariteit op it foarste plak komme. En in linkse groepearring mei allinne mar dielnimme oan in regearing as dy solidêre en skjinne wrâld dêrtroch wier tichter by komt.
 
 
'''Frijwilligerswurk'''
 
Op stuit is Willem Verf:
 
– Foarsitter fan ‘It Skriuwersboun’, de belange-organisaasje fan en foar Fryske skriuwers, oersetters en publisisten (foar mear ynfo sjoch www.Skriuwersboun.nl)
 
– lid fan de ‘politike kommisje’ fan de Ried fan de Fryske Beweging
 
– Willem is ek sekretaris fan de stichting ‘Bedriuwepark Ikkerwâld’; dy stichting iveret foar nije mooglikheden foar ûndernimmers yn en om it eardere suvelfabryk oan de Achterwei. Spitigernôch liedt de stichting op stuit in sliepend bestean. Wekker wurde kin hja allinne as Sikke Dijkstra, de bewenner fan it âld fabryk, dêrta in sinjaal jout…
 
(Willem: “Fyftich jier ferlyn twong de gemeente Dantumadiel trije doarpen, wêrûnder Ikkerwâld, te fusearjen ta ‘Damwoude’, mar ferfolgens liet de gemeente nei om de ekonomyske en kulturele ûntwikkeling fan dit nije grutte doarp te befoarderjen. Foar ûndernimmers is der op dit stuit yn Damwâld gjin kante meter bedriuwsterrein te besetten…”).
 
Earder wied er bygelyks:
 
* deistich bestjoerslid fan ‘Tresoar’, Frysk histoarysk en letterkundich sintrum, earder Ryksargyf, Provinsjale Biblioteek en FLMD;
* foarsitter fan it bestjoer fan de stifting FLMD (foar it grutste diel fan syn taken gie it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum op yn Tresoar, mar benammen foar it behear fan in tal fûnsen en it beskikber stellen fan literêre prizen is de organisaasje noch aktyf);
* Lid fan it bestjoer fan doarpsbelang Ikkerwâld;
* Redakteur fan ‘De Ikkerwâldster’, de ferneamde doarpskrante;
* Sekretaris fan de stichting ‘BetterAs’, dy’t har ynsette foar in doelmjittiger en guodkeapere oanlis fan de ‘Centrale As’, in wei yn N.E. Fryslân;
* Aktyf it ‘Komitee de Frosk’, dat him ynsette foar it swimbad yn De Westereen;
* Lid fan de sjuery foar de Simke Kloostermanpriis;
* Foarsitter fan de sjuery foar de Gysbert Japixcpriis;
* Ynsidenteel aktyf mei bestjoerlik wurk foar de pleatslike fuotbalklups;
* Foarsitter fan de MR en de OR fan in basisskoalle;
* Adviseur foar de lokale polityk op it mêd fan sosjale saken en wolwêzen.
 
== Bibliografy ==
* 1982 : ''It bliuwt pielen'' (roman)
* 1983 : ''In delgeande tiid'' (ferhalebondel)