Romanogotyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
[[]] oars
 
Rigel 5:
Der kinne twa dúdlike kategoryen ûnderskieden wurde.
 
1. De '''[[Romaanske arsjitektuer|Leechrynske let-romaanske styl]]''' wurdt ek wol by de romanogotyk rekkene om reden fan de taname fan fertikaliteit troch it tapassen fan krúsferwulften en út en troch ek puntbôgen. Yn Nederlân is dêrfan de Munstertsjerke yn [[Roermond (stêd)|Roermond]] it belangrykste foarbyld, mar ek de âlde Sint-Salviustsjerke yn [[Limbricht]] hat goatyske stylskaaimerken. Yn Dútslân komt de styk faker foar. Ein 19e iuw wie de romanogoatyske styl yn Nederlân de ynspiraasjeboarne foar de [[neo-romanogotyk]], dêr't de arsjitekt [[Carl Weber|Carl E.M.H. Weber]] de wichtichste eksponint fan wie.
 
2. In '''selsstannige romanogoatyske styl yn de Fryske lannen''' kinne benammen tsjerken yn Fryslân, Grinslân en it Dútske [[East-Fryslân]] ta rekkene wurde. De styl sil grif út it romaansk ûnestien wêze, mar der is in dúdlik ûnderskied te meitsjen. De tsjerken yn dy groep binne altyd oplutsen út bakstien en hawwe in muorreyndieling yn horizontale bannen, mei dêryn bline nissen as fersiering. De topgevels fan it transept binne ek mei nissen fersierd. De yn it earstoan lytse ramen lizze ferdjippe yn de muorre en hawwe kraalprofilen. Yn it ynterieur falle de saneamde meloenferwulften op. De âldste foarbylden fan de styl hawwe faker nissen en gevelfersieringen as de lettere foarbylden. Stadichwei waarden dy minder tapast, waarden de ruten grutter en waarden de rûnbôgen ferfongen troch puntige, oant úteinlik suvere goatyske foarmen brûkt waarden.