Boargerlik rjocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: Boargerlik rjocht is dat ûnderdiel fan it rjocht, dat it ferkear tusken boargers en boargers en saken regelet. Men kin it measte boargerlik rjocht weromfine yn it [[boargerlik wetboe...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 26 nov 2007 om 20.44

Boargerlik rjocht is dat ûnderdiel fan it rjocht, dat it ferkear tusken boargers en boargers en saken regelet. Men kin it measte boargerlik rjocht weromfine yn it boargerlik wetboek.

Ûnder boargers wurde ek de rjochtspersoanen begrepen dy't boargers oprjochtsje kinne, sa as in feriening, stifting of besletten fennoatskip. Men kin yn it boargerlik wetboek dêrom ek de regels fine dêr't sokke rjochtspersoanen oan foldwaan moatte.

It boargerlik wetboek bestiet út acht boeken.

Boek ien giet oer it 'persoanen en famyljerjocht en regelet saken sa as de administraasje fan de boargerlike stân, it trouwen it skieden, adopsje, kuratele en alimintaasje.

Boek twa giet oer rjochtspersoanen, sa as ferieningen, fennoatskippen, stiftingen en de regels dêr't se harren oan hâlde moatte, sa as it opstellen fan statuten, it hâlden fan in jiergearkomste en it opstellen fan in jierferslach.

Boek trije giet oer it fermogensrjocht, sa as rjochtshannelingen, folmacht, it krijen en ferliezen fan guod en oare rjochtsfigueren dy't ferbûn binne oan fermogens.

Boek fjouwer giet oer it erfrjocht, sa as legaten en erfopfolgingsrjocht.

Boek fiif giet oer saaklike rjochten, sa as eigendom, replike en ûnreplike saken, opstal en hiemstjinberheid.

Boek seis giet oer algemiene bepalingen oer it ferbyntenisserjocht, dus oer oerienkomsten tusken boargers.

Boek sân en sân A giet oer bysûndere ferbyntenissen, sa as keap en ruil.

Boek acht giet oer ferkeersmiddels en ferfier, sa as guodferfier, mar benammen ferfier oer see.