Boargerlik rjocht: ferskil tusken ferzjes

L
gjin bewurkingsgearfetting
(Nije Side: Boargerlik rjocht is dat ûnderdiel fan it rjocht, dat it ferkear tusken boargers en boargers en saken regelet. Men kin it measte boargerlik rjocht weromfine yn it [[boargerlik wetboe...)
 
LNo edit summary
It [[boargerlik wetboek]] bestiet út acht boeken.
 
*Boek ien giet oer it [['persoanen en famyljerjocht]] en regelet saken sa as de administraasje fan de [[boargerlike stân]], it [[trouwen]] it [[skieden]], [[adopsje]], [[kuratele]] en [[alimintaasje]].
 
*Boek twa giet oer [[rjochtspersoanen]], sa as ferieningen, fennoatskippen, stiftingen en de regels dêr't se harren oan hâlde moatte, sa as it opstellen fan [[statuten]], it hâlden fan in [[jiergearkomste]] en it opstellen fan in [[jierferslach]].
 
*Boek trije giet oer it [[fermogensrjocht]], sa as [[rjochtshannelingen]], [[folmacht]], it krijen en ferliezen fan guod en oare [[rjochtsfigueren]] dy't ferbûn binne oan fermogens.
 
*Boek fjouwer giet oer it [[erfrjocht]], sa as [[legaten]] en [[erfopfolgingsrjocht]].
 
*Boek fiif giet oer [[saaklike rjochten]], sa as [[eigendom]], [[replike]] en [[ûnreplike saken]], [[opstal]] en [[hiemstjinberheid]].
 
*Boek seis giet oer algemiene bepalingen oer it [[ferbyntenisserjocht]], dus oer oerienkomsten tusken boargers.
 
*Boek sân en sân A giet oer bysûndere [[ferbyntenissen]], sa as [[keap]] en [[ruil]].
 
*Boek acht giet oer [[ferkeersmiddels]] en ferfier, sa as guodferfier, mar benammen ferfier oer see.
79

bewurkings