Boargerlik rjocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Alle ynhâld fan de side weismiten
No edit summary
Rigel 1:
[[de:Recht]] [[en:Criminal law]] [[eo:Juro]] [[es:Derecho]] [[fi:Laki]] [[fr:Droit]] [[ja:法律]] [[nl:Recht]] [[pl:Prawo]]
Foar '''rjocht''' bestiet in oantal betsjuttings. Meastentiids wurde alle offisjele, troch de [[oerheid]] fêststelde regels bedoeld, dy't de ferhâldingen tusken boargers en boargers, boargers en saken, boargers en oerheid en oerheden ûnderling regelet, en dy't jilde op it grûngebiet fan de [[steat]] dy't dat rjocht fêststeld hat. [[Wetten]] binne de meast foar de hân lizzende foarbylden. Rjocht kin ek wêze it [[ynternasjonaal rjocht]], dat rjocht tusken steaten regelet yn de foarm fan ferdraggen, of [[net-skreaun rjocht]], sa as it [[fertrouwensbegjinsel]] tusken de [[folksfertsjintwurdiging]] en it [[deistich bestjoer]]. Yn ûndersteand wurdt yngien op it rjocht yn de earstneamde betsjutting.
 
===Yndieling===
It rjocht kin op ferskate manieren opdield wurde. In wichtiche ferdieling is de twadieling yn it [[boargerlik rjocht]] en it [[publykrjocht]]. Dizze ferdieling is basearre op it ûnderwerp dat it rjocht regelje wol: it ferkear tusken boargers ûnderling en tusken boargers en saken, of tusken boargers en oerheid of oerheden ûnderling. Ek kin it rjocht yndield wurde yn [[materieel]] en [[formeel]] rjocht.
 
*[[Rjocht yn Fryslân]]
*[[Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske]]
 
[[kategory:Rjocht]]
 
===Boargerlik rjocht===
 
[[Boargerlik rjocht]] is dat ûnderdiel fan it rjocht, dat it ferkear tusken boargers en boargers en saken regelet. Men kin it measte boargerlik rjocht weromfine yn it [[boargerlik wetboek]].
 
Ûnder boargers wurde ek de rjochtspersoanen begrepen dy't boargers oprjochtsje kinne, sa as in [[feriening]], [[stifting]] of [[besletten fennoatskip]]. Men kin yn it boargerlik wetboek dêrom ek de regels fine dêr't sokke rjochtspersoanen oan foldwaan moatte.
 
It [[boargerlik wetboek]] bestiet út acht boeken.
 
*Boek ien giet oer it [['persoanen en famyljerjocht]] en regelet saken sa as de administraasje fan de [[boargerlike stân]], it [[trouwen]] it [[skieden]], [[adopsje]], [[kuratele]] en [[alimintaasje]].
 
*Boek twa giet oer [[rjochtspersoanen]], sa as ferieningen, fennoatskippen, stiftingen en de regels dêr't se harren oan hâlde moatte, sa as it opstellen fan [[statuten]], it hâlden fan in [[jiergearkomste]] en it opstellen fan in [[jierferslach]].
 
*Boek trije giet oer it [[fermogensrjocht]], sa as [[rjochtshannelingen]], [[folmacht]], it krijen en ferliezen fan guod en oare [[rjochtsfigueren]] dy't ferbûn binne oan fermogens.
 
*Boek fjouwer giet oer it [[erfrjocht]], sa as [[legaten]] en [[erfopfolgingsrjocht]].
 
*Boek fiif giet oer [[saaklike rjochten]], sa as [[eigendom]], [[replike]] en [[ûnreplike saken]], [[opstal]] en [[hiemstjinberheid]].
 
*Boek seis giet oer algemiene bepalingen oer it [[ferbyntenisserjocht]], dus oer oerienkomsten tusken boargers.
 
*Boek sân en sân A giet oer bysûndere [[ferbyntenissen]], sa as [[keap]] en [[ruil]].
 
*Boek acht giet oer [[ferkeersmiddels]] en ferfier, sa as guodferfier, mar benammen ferfier oer see.
 
== Keppeling om utens ==
Alle Nederlânske [[wettten]] dy't op dit stuit fan krêft binne kinne opsocht wurde op http://www.wetten.nl , in webstee fan de [[Ryksoerheid]].