Graf Zeppelin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L oanT EN MEI
Aliter (oerlis | bydragen)
gRAf
Rigel 5:
Eins wie de Graf Zeppelin in proef- en demonstraasjemodel, mar hy waard ek brûkt foar passazjier- en postferfier. Hy makke ferskate tochten yn [[Jeropa]], mar ek langere tochten. Yn oktober [[1928]] gie er op in fiere tocht oer de [[Atlantyske Oseaan]], nei [[Lakehurst]], [[New Jersey]] yn de [[Feriene steaten fan Amearika]]. Fan [[8 augustus]] oant [[29 augustus]] [[1929]] make de Graf Zeppelin in tocht om de wrâld. Ek yn [[1930]] makke de Graf Zeppelin in fiere tocht, dizze kear nei [[Súd-Amearika]]. Yn [[1931]] waard de dream fan Ferdinand von Zeppelin útfierd: Der waard in ûndersykstocht nei it [[Noardpoalgebiet]] makke. Al nei it súkses fan de tocht nei Súd-Amearika waard besletten in fêste [[transatlantysk]]e seppelin-ferbining op te setten. Oant en mei [[1936]] waard dy flean mei hieltiid grutter wurdend sukses.
 
Oarspronkelik soe der ek in [[LZ-128]] boud wurde, mar nei it ûngemak mei de [[Grut Brittanje|Britske]] seppelin [[R-101]] waard it projekt stillein. Yn stee fan mear seppelins nei it ûntwerp fan de GarfGraf Zeppelin, kaam der in nij ûntwerp dat feiliger wêze moast. De [[Hindenburg]] wie de earste seppelin nei dat nije ûntwerp.
 
Nei it ûngemak mei de Hindenburg yn [[1937]] waard ek de Graf Zeppelin bûten tsjinst steld, en yn in museum feroare.