Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
T.
Rigel 1:
It '''Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse''' (ek wol 'Selskip 1844' of 'Ald Selskip' neamd) is op [[14 septimber]] [[1844]] yn yn [[Het Gouden Wagentje ]] oan de [[Nijstêd ]] te [[Ljouwert]] oprjochte troch [[Harmen Sytstra]], [[Tiede Dykstra]] en [[Jacobus van Loon]]. Har oanhing bestie meast út middenstânslju, de liberale boargerij en de yntelligentsia fan doarpsdûmnys en skoalmasters. De romantyk oerhearske it tinken fan de measte [[Fryske beweging|bewegers]] fan it earste oere en de wjerslach dêrfan wie werom te finen yn it earste Fryske tydskrift dat troch it Selskip útbrocht waard: [[Iduna]].
 
It Selskip 1844 rekke hommels troch syn bestjoersleden hinne: Harmen Sytstra en Tiede Dykstra kamen koart efter inoar jong te ferstjerren. Jacobus van Loon naam it foarsitterskip op him mei [[Gerben Colmjon]] as skriuwer. Sûnder it duo Sytstra-Dykstra foege it Selskip him nei de liberale geast fan de tiid en wûn oan leden: nei it djiptepunt fan 1852 mei noch mar 122 leden, rûn dat tal op nei 543 yn [[1885]]. Om [[1860]] wiene [[Waling Dykstra]] en [[Tsjibbe Geartst van der Meulen]] útein setten mei harren [[winterjûnenocht]] en it [[Frysk]] folkstoaniel wie yn opkomst. De striid om de stavering waard ôfsletten mei in kompromis tusken de romantisi en de praktisi. Yn [[1879]] ferskynde "De Fryske Boekstavering, in hantlieding". Dizze [[Selskipsstavering]] soe it in foech 70 jier úthâlde. De útjefte fan "It Lieteboek" troch it Selskip yn 1876 wie in grut sukses. Der bleau sels jild fan oer. Ek de saneamde [[Grouster stientsjefeesten]], it ûntbleatsjen fan tinkstiennen foar de Halbertsma's op [[13 oktober]] [[1875]] en [[28 maaie]] [[1879]], levere direkte winst op: It ûntstean fan de [[Krite Grou]] dy't letter in wichtige rol yn it Selskip spylje soe.