Willem Verf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kopkes ynstee fan fette tekst
Lebel: Al weromset
L Bewurkings fan "Ieneach fan 'e Esk" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "213.10.181.193".
Lebel: Weromdraaiïng
Rigel 1:
'''Willem Verf''' ([[Snits (stêd)|Snits]], [[17 july]] [[1949]]) is in [[Fryslân|Frysk]] [[politikus]] en [[skriuwer]]. Hy

Verf waard grutbrocht yn Snits en folge nei it Bogerman Lyceum in oplieding oan de Sosjaal Pedagogyske Oplieding Middelloo yn [[Amersfoort]]. Nei syn stúdzje waard er foarmingslieder yn [[Beetstersweach]] en sette him mei syn frou ta wenjen yn [[Ikkerwâld]], no [[Damwâld]]. Nei funksjes yn it jongerenwurk, de folwoeksenenedukaasje en de arbeidsbemiddeling, waard hy yn 1996 direkteur fan de Stichting Help en Wolwêzen Ljouwert (HWL). Waard lid fan de [[Politike Partij Radikalen]] (PPR) en neidat dy partij opgien wie yn [[GrienLinks]] fan dy partij. Fan 1994 - 2004 wie Verf [[fraksjefoarsitter]] fan [[GrienLinks]] yn de [[Provinsjale Steaten fan Fryslân]].

Neist syn wurk skreau er Fryske boeken.
 
 
==='''Jong yn Snits==='''
 
==Libben en karriêre==
===Jong yn Snits===
Willem Verf waard berne yn Snits yn 1949. Hy woeks op yn it Sperkhem. Hy hat gjin broers en susters. Yn de húshâlding wienen likegoed mear bern: 4 ferskillende skippersjonges út itselde gesin wienen jierrenlang troch de wike by de famylje Verf yn ‘e kost.
 
Line 15 ⟶ 20:
Hy wurke in goed heal jier as suvelarbeider by ‘Normandia’ yn Snits.  Yn 1968 begoan er  syn stúdzje foar foarmingswurker yn Amersfoort, oan it ynstitút ‘Middeloo’, dêr’t er syn frou kennen learde.
 
 
==='''Sosjaal en kultureel wurker yn Fryslân==='''
 
Nei syn oplieding wurke er as foarmingslieder yn Beetstersweach en Dokkum, mei wurkjende jongerein út Eastelik Fryslân. Yn Ljouwert wie Willem ferfolgens mids jierren santich aktyf  yn it jongereinwurk fan ‘Het Vliet’. Dêrnei joech er twa jier lieding oan it ‘CBB’, dêr’t benammen ymmigranten út Suriname kursussen folgen, om har better ta te rieden op it funksjonearjen yn Nederlân.
 
Line 34 ⟶ 41:
Gelokkich waakst de lêste jierren it besef dat it wurk net goed organisearre is en dat der tefolle op besunige is. Ynearsten is der noch gjin gearhingjende politike fizy, lit stean belied, wêrtroch duorsume ferbettering mooglik wurde kin. Mar wa wit…
 
 
===Politike aktiviteit===
==='''Húshâlding==='''
 
Willem en syn frou binne sûnt 1969 by elkoar, hja trouden yn septimber 1972. Yn de maaitiid fan datselde jier kochten sy it wâldspultsje yn Ikkerwâld dêr’t hja noch altyd wenje. Se hawwe trije bern, twa famkes en ien jonge. Foar ferskate jonge bern ferfolje Willem en syn frou in rol as pake en beppe.
 
 
==='''Politike aktiviteit==='''
 
Om 1970 hinne waard Willem lid fan de PPR, bleaun lid en is dus lid fan GrienLinks.
 
Line 57 ⟶ 71:
Wat dan wol? Duorsum de kiezers oan jin bine, dat kin allinne mei in deeglik ûnderboud begjinselprogramma dat aktueel hâlden wurdt troch safolle mooglik belutsen partijleden, en dat útdroegen wurdt yn it ynterminsklik kontakt. De bân mei it publyk mei net ôfhinklik wêze fan flechtige kontakten fia de smartphone, en ek net fan de ynnimmende persoanlikheid en de ynsichten fan in inkeld minske en syn lytse kotery. In linkse partij moat krekt rûmte biede oan trochgeande kreative diskusje; petearen dy’t brûkbere ideeën opsmite foar in skjinne wrâld, dêr ‘t earlik dielen en solidariteit op it foarste plak komme. En in linkse groepearring mei allinne mar dielnimme oan in regearing as dy solidêre en skjinne wrâld dêrtroch wier tichter by komt.
 
===Húshâlding===
Willem en syn frou binne sûnt 1969 by elkoar, hja trouden yn septimber 1972. Yn de maaitiid fan datselde jier kochten sy it wâldspultsje yn Ikkerwâld dêr’t hja noch altyd wenje. Se hawwe trije bern, twa famkes en ien jonge. Foar ferskate jonge bern ferfolje Willem en syn frou in rol as pake en beppe.
 
==='''Frijwilligerswurk==='''
 
Op stuit is Willem Verf:
 
*Foarsitter fan ‘It Skriuwersboun’, de belange-organisaasje fan en foar Fryske skriuwers, oersetters en publisisten (foar mear ynfo sjoch www.Skriuwersboun.nl)
 
*lid fan de ‘politike kommisje’ fan de Ried fan de Fryske Beweging
*Willem is ek sekretaris fan de stichting ‘Bedriuwepark Ikkerwâld’; dy stichting iveret foar nije mooglikheden foar ûndernimmers yn en om it eardere suvelfabryk oan de Achterwei. Spitigernôch liedt de stichting op stuit in sliepend bestean. Wekker wurde kin hja allinne as Sikke Dijkstra, de bewenner fan it âld fabryk, dêrta in sinjaal jout…
 
*Willem is ek sekretaris fan de stichting ‘Bedriuwepark Ikkerwâld’; dy stichting iveret foar nije mooglikheden foar ûndernimmers yn en om it eardere suvelfabryk oan de Achterwei. Spitigernôch liedt de stichting op stuit in sliepend bestean. Wekker wurde kin hja allinne as Sikke Dijkstra, de bewenner fan it âld fabryk, dêrta in sinjaal jout…
 
(Willem: “Fyftich jier ferlyn twong de gemeente Dantumadiel trije doarpen, wêrûnder Ikkerwâld, te fusearjen ta ‘Damwoude’, mar ferfolgens liet de gemeente nei om de ekonomyske en kulturele ûntwikkeling fan dit nije grutte doarp te befoarderjen. Foar ûndernimmers is der op dit stuit yn Damwâld gjin kante meter bedriuwsterrein te besetten…”).
 
Earder wied er bygelyks:
 
* deistich bestjoerslid fan ‘Tresoar’, Frysk histoarysk en letterkundich sintrum, earder Ryksargyf, Provinsjale Biblioteek en FLMD;
* foarsitter fan it bestjoer fan de stifting FLMD (foar it grutste diel fan syn taken gie it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum op yn Tresoar, mar benammen foar it behear fan in tal fûnsen en it beskikber stellen fan literêre prizen is de organisaasje noch aktyf);