Teodoarik de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 1:
'''Diderik de Grutte''' (likernôch [[451]]-[[526]]) wie kening fan de [[Ostrogoaten]]. Nei de dea fan syn heit [[Didemir]] yn [[474]] nom hy it leiderskip oer fan syn folk en regearre oant syn dea. Under keizer [[Zeno fan Byzantium|Zeno]] wie hy generaal en dizze beneamde him yn [[484]] ta konsul. Yn opdracht fan Zeno oermastere hy [[Itaalje]] en stifte der in [[Ostrogoatysk ryk]]. Hy besocht de [[Romeinen|Romeinske]] befolking te assimilearjen yn syn eigen fan oarsprong [[Germanen|Germaansk]] folk, mar slagge der net yn.
 
== Jonge jierenjierren ==
In grut part fan syn jeugd brocht Diderik troch as [[gizeler]] oan it hof yn [[Konstantinopel]]. Hjirmei hie de [[East-Romeinske Ryk|East-Romeinske]] keizer [[Leo I]] festigheid dat Diderik syn heit it fouderati-ferdrach mei de keizer respektearre soe. Hy learde tiidens dizze periode oan it hof in soad oer de Romeinse gebrûken en kriichskunde. As jongkeardel die Diderik mei oan de ferskate kriichstochten dy't syn heit hâlde. Yn [[469]] behellen sy in oerwinning op de [[Gepiden]] yn de [[Karpaten]] oan de [[slach oan de Bolia|Bolia]]. [[Moesia]] waard troch harren beset yn [[471]] en Diderik sels liede in tal fjochterijen tsjin [[Diderik de aldere]]. Fierder foel Diderik letter as generaal fan de East-[[Romeinen]] in pear kear Itaalje yn.