Ferskil tusken ferzjes fan "Septimius Sevearus"

 
==Striid om de Macht==
Doe't keizer [[Pertinaks]] op [[28 maart]] 193 fermoarde waard en der in boargeroarloch ûntstie yn it [[Romeinske ryk]], wie Septimius op dat stuit gûverneur yn Boppe-[[Pannoonje]]. Hy hie it dêr te sizzen oer in oantal legioenen. Amper 12 dagen, neidat yn [[Rome]] it keizerskip by opbod ferkocht wie oan de heechste bieder, [[Didius IulianusJulianus]], rôpen syn soldaten him út ta tsjinkeizer op [[9 april]].
 
Tagelyk hienen oare troepen yn oare parten fan it ryk om deselde reden ek harren kommandanten ta keizer útroppen: ([[Klodius Albinus]] (gûverneur fan Brittanje) en [[PescenniusPessennius Niger]] (gûverneur fan Syrje). Lykwols hie Severus mear legioenen ta syn beskikking en ek wied er it tichtst by Rome. Hy sette him ta de haadstêd en liet keizer Julianus ôfsette en fermoardzje. De moardners fan PertinaxPertinaks waarden opspoard en ek terjochtsteld.
 
As earste moast Severus foar rêst soargje en him mei de oare útroppen keizers bemuoie. Hy sluet frede mei Klodius Albinus en joech him de titel ''Caesar''. Dêrnei konsintrearre hy him op PescenniusPessennius Niger dy't yn it easten hearske. Nei in drege striid yn [[Cilicia]] hied er yn [[194]] it hiele ryk ûnder kontrôle.
 
Al gau beluts Severus syn soannen by it regear fan it ryk. Hy joech Karakalla yn [[195]] de titel ''Caesar'' en liet de [[senaat (Rome)|senaat]] Albinus ta steatsfijân ferklearje. Severus fersloech Albinus yn ien fan de grutste fjildslaggen út de Romeinske skiednis, nammentlik yn [[slach by Lyon|Lugdunum]] op [[19 febrewaris]] [[197]]. Albinus moast flechtsje en die himsels tekoart.
19.909

bewurkings