Albrecht fan Saksen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L Stavering: kontrole -> kontrôle (2x)
Rigel 29:
Yn [[1464]] troude hy Sidonia, dochter fan [[George fan Podiebrad]], kening fan [[Bohemen]], mar hy krige net de kroan fan Bohemen doe't Georg yn [[1471]] ferstoar.
 
Letter yn [[1464]] stoar karfoarst Freark II, en Albrecht en Ernst besletten tegearre oer Saksen te hearskjen. Yn [[1485]] waard Saksen lykwols oanfallen troch [[Thüringen]]. By it [[ferdrach fan Leipzig]] waard Saksen yn twaën splist: Albrecht krige it westlik gedielte fan Saksen ([[Markgreefskip Meißen|Meißen]]), syn broer bleau Karfoarst fan Saksen, en hold de kontrolekontrôle oer de eastlike dielen fan Saksen ([[Wittenberch]]). Omdat Saksen-Meissen folle riker wie as de Ernestynske dielen fan Saksen, en Albrecht no ek it noarden fan Thüringen yn wist te liivjen, waard Albrecht ferplichte 100'000 florijnen te beteljen oan Ernest as skeafergoeding. Dizze ûngelike dieling fan Saksen liede 80 jier letter ta in konflikt tusken de beide lynjes.
 
Yn [[1475]], yn de kampanje tsjin [[Karel de Stoute]] fan [[Hartochdom Bourgonje|Bourgonje]] krige Albrecht in soad lof as in kapabel militêr lieder, en yn [[1487]] liede hy in ekspedysje tsjin Kening [[Matthias Corvinus fan Hongarije]], dy't lykwols mislearre omdat keizer Freark III te min steun tasei.
Rigel 37:
==Yn Fryslan en Grinslân==
 
As betelling foar syn tsjinsten makke Maximiliaan Albrecht yn [[1498]] ta gûverneur (''[[potestaat]]'') fan [[Fryslân]]. Fryslân, de [[Ommelannen]] ynbegrepen, hie himsels altyd as frij sjoen. It makke wol diel út fan it Hillige Roomske Ryk, mar seach himsels as ryksûnmidlik. It hie nea in Hear kend. De Fryske lannen waarden oan de ein fan de [[15e ieu]] it striidtoaniel fan de konflikten tusken [[Skieringers en Fetkeapers]]. De stêd [[Grins]] like yn dy konflikten de ienige machtsfaktor dy't aktyf optrede koe en wreide har macht út oant sawat hiel Fryslân en Grinslân. Om de macht fan de stêd te beheinen waard Albrecht troch guon yn Fryslân mei iepen earmen ûntfongen. Hy wist Fryslân foar it grutste part ûnder kontrolekontrôle te krijen en waard ek troch Grinslân as hear erkend. Sa gau as't er werom gien wie nei Saksen-Meissen bliek syn erkenning lykwols benammen in lippetsjinst. [[Grinslân]] waard binnenfallen troch de greve fan [[greefskip East-Fryslân|East-Fryslân]].
 
Koart dêrnei stoar Albrecht tichteby [[Emden]], en waard begroeven yn Meissen. Hy waard opfolge troch syn soannen [[Hindrik V fan Saksen]] en [[Joaris mei it Burd]].