Essenen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 7 des 2007 om 22.44

De Essenen is de namme fan in joadske godstsjistige sekte út de 2e ieu f. Kr. oant en mei 1e ieu n. Kr.. De leden fan die sekte libben yn mienskippen en neffens folsleine rigels, ûnder oare yn Qumran tichtby de Deade Sea. Nei de Joadske Opstân tsjin de Romeinen binne sy út de skiednis ferdwûn. De ûntdekking fan de Deade Seerollen hawwe fan grut belang west om de mysterieuze rol fan dizze âldste joadske mienskip te trochgrûnjen. Ut harren skriften kin faaks opmakken wurde dat sy in skeakel foarme hawwe tusken eardere tradysjes lyk as it Zoroastrisme en it nije yn dy tiid opkommende kristendom.

Troch guon wurdt sein dat it libben fan Jezus Kristus nau ferweve west hat mei de Esseenske bruorrenmienskip en dat de Essenen in ynspiraasjeboarne wienen foar it hjoeddeistige kristendom. Oaren gean noch fierder en sizze dat de Essenen ien fan de earste kristlike groepings wienen. Mar oant dizze spekulaasje wurdt troch it grutste part fan it Kristendom gjin of net folle wearde hechte.