Scouting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: Skouting of ek wol Paadfynderij, Ferkennerij (Ingelsk: Scouting) is begûn mei in kamp op Brownsea Island yn Grut-Brittanje opset troch Robert Baden-Powell mei 21 jonges en is...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 14 des 2007 om 18.20

Skouting of ek wol Paadfynderij, Ferkennerij (Ingelsk: Scouting) is begûn mei in kamp op Brownsea Island yn Grut-Brittanje opset troch Robert Baden-Powell mei 21 jonges en is útgroeit oant en mei ta de grutste jongerein ferein fan de wrald. Hjoed de dei hat de wrald organisaasje

Skiednis

Baden-Powell (B-P) wie in Generaal yn it Ingelske leger en fjocht foar syn heitelân yn dielen fan koloniaal Afrika en Yndia. Hy koe syn rekruten goed trainen en sa kaam it idee fan in lieder fan in foarrinner fan Skouting mei it idee dat (B-P) wol in boek skriuwe koe foar jonges, mei as doel dat sy net goeie soldaten waarden, mar goeie burgers foar de maatskippij. B-P seach hjir wol wat yn en hy betocht dat as hy in kamp hâldt mei jonges út it hiele lân út ferskate leefmiljeus dat er dan goed sjen koe wat de by de jongerein leefde om in goeie hânlieding te skriuwen foar in goed burgerskip. En sa gebeurde it, yn 1907 gie er mei 21 jonges nei Brownsea Island om it ‘spul fan Ferkennen’ út te probearjen. It slagge. Nei dit kamp skreau B-P it boek Ferkennen foar Jonges (Ingelsk: Scouting for Boys). It waard in grut sukses en oeral begonnen jonges de dingen beskreun yn it boek nei te dwaan. Sy begonnen klupkes mei eigen unifoarmen sa as bern dat dogge. Yn de rin fan de tiid gienen folwoeksenen dit begelieden, út dizze klupkes ûntstienen regio’s en út de regio’s ûntstienen lânlike organisaasjes en úteinlik ek (oantal) wrâldsorganisaasje(s).