Scouting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 4:
==Skiednis==
Baden-Powell (B-P) wie in Generaal yn it Ingelske leger en fjocht foar syn heitelân yn dielen fan koloniaal Afrika en Yndia. Hy koe syn rekruten goed trainen en sa kaam it idee fan in lieder fan in foarrinner fan Skouting mei it idee dat (B-P) wol in boek skriuwe koe foar jonges, mei as doel dat sy net goeie soldaten waarden, mar goeie burgers foar de maatskippij. B-P seach hjir wol wat yn en hy betocht dat as hy in kamp hâldt mei jonges út it hiele lân út ferskate leefmiljeus dat er dan goed sjen koe wat de by de jongerein leefde om in goeie hânlieding te skriuwen foar in goed burgerskip. En sa gebeurde it, yn 1907 gie er mei 21 jonges nei Brownsea Island om it ‘spul fan Ferkennen’ út te probearjen. It slagge.
 
Nei dit kamp skreau B-P it boek Ferkennen foar Jonges (Ingelsk: Scouting for Boys). It waard in grut sukses en oeral begonnen jonges de dingen beskreun yn it boek nei te dwaan. Sy begonnen klupkes mei eigen [[unifoarmen]] sa as bern dat dogge. Yn de rin fan de tiid gienen folwoeksenen dit begelieden, út dizze klupkes ûntstienen regio’s en út de regio’s ûntstienen lânlike organisaasjes en úteinlik ek (oantal) wrâldsorganisaasje(s). B-P lei syn taken yn it leger neist him del om fierder te gean mei skouting, hy waard útrôpen as Opper Skout fan de Wrald (Ingelsk: Chief Scout of the World). Letter koenen ek famkes by skouting, syn wiif, Olave Baden-Powell, naam dit foar har rekken. Famkes bij Skouting waarden ek wol Paadfynsters of Gidsen naam.
 
==Ynfloeden==
Skouting hat in oantal gewoanten oernaam út it leger troch syn eftergrûn it is echter nea de bedoeling west in jongereinleger op te setten. Gewoanten dy’t oernaam binne, binne byfoarbyld: unifoarmen (sa’t eltsenien mei hokker eftergrûn ek lyk oan mekoar is), it iepenjen mei in flagge en it saluearen.
 
Mar B-P seach goed om him hinne om Skouting foar eltsenien (oantreklik) te meitsjen. Foar de jongere jonges betocht hy de Welpen dy’t nei it Jungle Book ferhaal fan Rudyard Kipling yn de Rimboe mei Baloo de bear, Bagheera de panter, Kaa de slang en oare bisten spannende tiiden belibjen. De leiding fan ‘Welpen Hordes’ binne fernaam nei dizze bisten.
 
 
[[ar:كشافة]]