Ferskil tusken ferzjes fan "Skouting"

37 bytes grutter ,  12 jier lyn
Baden-Powell (B-P) wie in Generaal yn it Ingelske leger en fjocht foar syn heitelân yn dielen fan koloniaal Afrika en Yndia. Hy koe syn rekruten goed trainen en sa kaam it idee fan in lieder fan in foarrinner fan Skouting mei it idee dat (B-P) wol in boek skriuwe koe foar jonges, mei as doel dat sy net goeie soldaten waarden, mar goeie burgers foar de maatskippij. B-P seach hjir wol wat yn en hy betocht dat as hy in kamp hâldt mei jonges út it hiele lân út ferskate leefmiljeus dat er dan goed sjen koe wat de by de jongerein leefde om in goeie hânlieding te skriuwen foar in goed burgerskip. En sa gebeurde it, yn 1907 gie er mei 21 jonges nei Brownsea Island om it ‘spul fan Ferkennen’ út te probearjen. It slagge.
 
Nei dit kamp skreau B-P it boek Ferkennen foar Jonges (Ingelsk: Scouting for Boys). It boek kaam út yn 1908 en waard in grut sukses yn Ingelân en oeral begonnen jonges de dingen beskreun yn it boek nei te dwaan. Sy begonnen klupkes mei eigen [[unifoarmen]] sa as bern dat dogge. Yn de rin fan de tiid gienen folwoeksenen dit begelieden, út dizze klupkes ûntstienen regio’s en út de regio’s ûntstienen lânlike organisaasjes en úteinlik ek (oantal) wrâldsorganisaasje(s). B-P lei syn taken yn it leger neist him del om fierder te gean mei skouting, hy waard útrôpen as Opper Skout fan de Wrald (Ingelsk: Chief Scout of the World). Letter koenen ek famkes by skouting, syn wiif, Olave Baden-Powell, naam dit foar har rekken. Famkes bij Skouting waarden ek wol Paadfynsters of Gidsen naam.
 
Fierder kamen er allegear ferskeine groepen by as wetter Skouts, loft Skouts, en sa fierder
131

bewurkings