Scouting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 12:
Skouting hat in oantal gewoanten oernaam út it leger troch syn eftergrûn it is echter nea de bedoeling west in jongereinleger op te setten. Gewoanten dy’t oernaam binne, binne byfoarbyld: unifoarmen (sa’t eltsenien mei hokker eftergrûn ek lyk oan mekoar is), it iepenjen mei in flagge en it saluearen.
 
Mar B-P seach goed om him hinne om Skouting foar eltsenien (oantreklik) te meitsjen. Foar de jongere jonges betocht hy de Welpen dy’t nei it Jungle Book ferhaal fan Rudyard Kipling yn de Rimboe mei Akela de wolf, Baloo de bear, Bagheera de panter, Kaa de slang en oare bisten spannende tiiden belibjen. De leiding fan ‘Welpen Hordes’ binne fernaam nei dizze bisten.
 
==Ynstellings==
De skoutingorganisaasje stiet foar eigen ûntwikkeling fan bern en jongerein mei begelieding fan folwoeksenen. By Skouting binne bern altyd aktyf dwaande en foaral bûten. Der binne tema’s foar ferskeine oanpast op de leeftyd.
 
Skoutin jout plezier, útdaging en struktuer. Bern en jongerein kinne er in soad yn kwyt, mar ek kinne sy er in soad úthelje. It makket bern en jongerein maatskiplik belutsen, bringt respekt, gearwurkjen en selsstandich wurkjen by.