Alarik I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 22:
Yn [[408]] waard Stilicho, de grutte tsjinstanner fan Alarik, troch Romeinen fermoarde en ûntstie der reboelje troch it leger yn Itaalje. Alarik makke op snoade wize gebrûk fan de situaasje en luts foar de tredde kear Itaalje yn. Noch itselde jier stie hy foar de poarten fan Rome. Foar in protte jild liet er him ôfskypje, mar hy kaam lykwols yn [[410]] werom en diskear oermastere hy de stêd. Syn leger sette it op in plonderjen. En dat wie foar it earst sûnt de Gallyske ynfal yn [[390 f.Kr]]
 
==Dea en opvolging==
Neidat er Rome plondere hie luts Alarik nei it suden fan Itaalje. Der hie hy te krijen mei fiedselkrapte en makke by de stêd [[Cosenza]] tariedings om mei it hiele folk oer te stekken nei [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]]. Mar noch foar dit plan útfierd wurde koe, kaam er te ferstjerren. Alarik waard begroeven yn in rivierbêding fan de Busento. Soldaten ferleinen de rin fan de rivier foar even, sadat syn lichem yn de droechlizzende bêding begroeven wurde koe. Alarik waard opfolge troch syn sweager [[Ataulf]].
 
==Literatuer==