Folkert Harmens Kuipers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L útwreide mei ynfo fan de side oer Coopersburg
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
mei ôfbylden
Rigel 1:
[[Ofbyld:Byltnis fan Kuipers en syn frou boppe it mausoleum.jpg|250px|thumb|Byltnis fan Kuipers en syn frou boppe it mausoleum]]
[[Ofbyld:Skilderij fan it warehûs fan Kuiper yn New York.jpg|250px|thumb|Warehûs Folkert Harmen Kuipers op it skilderij yn Coopersburg]]
[[Ofbyld:Coopersburg yn Akkrum.jpg|thumb|250px|Coopersburg fan de foarkant]]
'''Folkert Harmens Kuipers''' ( 'Cooper' ) wie in sakeman-filantroop ( Akkrum [[23 oktober]] [[1843]] - [[31 desimber]] [[1904]] New Rochell ( USA )<br> Hy is de stifter fan [[Coopersburg]] yn [[Akkrum]] ( [[8 jannewaris]] [[1901]], in tehûs foar 44 âlden fan dagen boppe de 65 jier yn Akkrum, en fan in soartgelikens tehûs yn Chicago.<br>
 
Kuipers emigrearre yn [[1866]] nei Amearika en stifte dêr grutte 'stores' yn [[Chicago]] ( [[1866]] ) en [[New York City|New York]].<br>
Op 23-jierrige leeftiid kaam er út Akkrum wei mei de boat yn Amearika oan. By syn earste omswalkingen kaam er yn stêden as Buffalo en Chicago, wêr't er in ûndernimming begûn. Hy bedarre op't lêst yn New Yorkotte yn New York, wêr't er tegearre mei in kompanjon in grut warehûs oprjochte dat noch altyd bestiet, fergelykber mei Harrods of La Fayette. Op dit gebou liet hy in fjoertoer sette, dy't jûns en nachts syn ljochtbondel oer New York skine liet in dit warehûs yn de belangstelling te setten. Yn lettere jierren is dizze fjoertoer weihelle troch oare ûndernimmers.
 
Hy waard in begoedige sakeman, mar kaam dochs alle jierren werom nei syn bertedoarp om by syn âlden oan te gean. Hy wie rekke troch de earmoede fan de âlderein dy’t er om him hinne seach, en rjochte in stifting op. Dizze stifting hie as doel om earmelju ûnderdak en fersoarging te jaan yn in fersoargingstehûs dat yn 1900 klear wie en de namme fan de woldogger krige: Coopersburg. Kuipers hie him nammentlik yn Amearika omdope litten yn Frank H. Cooper.
Folkert Kuipers leit mei syn frou yn in prealgrêf by Coopersburg begroeven.