Jan van Hoof: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 4:
== Syn ferhaal ==
 
Foar de oarlochkriich wie Jan van Hoof in paadfiner ([[Skout]]). Yn de Twadde Wrâldkriich wie skouting ferbean yn de measte besette lannen. Alle skouting organisaasjes soenen oergean yn de [[Nasjonale Jeugdstoarm]] (Nederlânsk: Nationale Jeugdstorm of NJS), de Nederlânske ferzje fan de Hitler-Jongerein (Dútsk: Hitler-Jugend of HJ). De Nederlânske skouting organisaasjes gienen net akkoard mei de betingsten fan de Dútsers en gienen ûndergrûns en sommige groepen sels yn it ferset.
 
Ek Jan van Hoof gie yn it ferset. Wylst de besetting fan de Dútsers yn Nederlân oan de gong wie, bestudearre hy de omkriten en makke dêr tekeningen fan. Doe't de [[Alliearden]] nei Nederlân kamen mei Operaasje Market Garden brûkte hy syn kunde troch de Alliearden troch Nymwegen te loadsen.
Rigel 12:
Yn dizze dagen hienen de Nederlânske fersetsstriders ûnderskiedende klean oan, sadat sy werom te kennen wienen as soldaten. De Dútsers seagen de fersetsstriders net as soldaten, mar as feeriders.
 
Op de 19e septimber fan 1944 loadste hy wer Amerikaanske soldaten troch Nymwegen. Yniens iepenen de Dútsers it fjoer op de wein wêr’t hy yn siet. Doe kamen de Dútsers nei de wein en seagen him lizzen. De Amerikaanse soldaten wienen al dea, mar Jan van Hoof net. De Dútsers pakten syn wapen, syn identifikaasje papieren en syn earmbân dy’t him offisjeel in Alliearde soldaat makken. Sy mishannelen him en skeaten him troch de holle.
 
== Ûnderskiedings ==