Ierdas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Stjer (himellichem)
Rigel 8:
 
== Hoeke ==
Yn it simpelste gefal is de hoeke fan de rotaasjeäs fan in planeet mei it flak dêrt er yn om de [[Stjer (himellichem)|stjerre]] draait 90°. Foar de Ierde is dy hoeke yn trochsneed 67°. De hoeke fariearret lykwols yn in syklus fan 40.000 jier tusken likernôch 68° en 65°. De seizoenen binne der it gefolch fan dat de hoeke gjin 90° is. Mei in lytsere hoeke binne de seizoenen ekstremer, mei in gruttere hoeke binne se minder ekstreem.
 
== Fuortgong ==
In gefolch fan de de rotaasje fan in [[planeet]] is de ''fuortgong'', of ''presesje''. Fuortgong is it risseltaat fan de kombinaasje fan twa draaiïngs: De rotaasje fan de planeet om de rotaasjeäs en it draaien fan de planeet om de stjer. It gefolch hjirfan is dat ek de planeetas draait, om in as dy't leadrjocht stiet op it flak dêr't de planeet yn om de sinne draait. Deselde beweging makket in [[top]] as er net rjochtop stiet, allinnich is de fuortgong fan de ierdas folle stadiger; ien syklus fan de fuortgong duorret likernôch 26.000 jier.
 
Dit hat gjin ynfloed op de hoeke fan de ierdas, mar alles wat ôfhinklik is fan de rjochting fan de ierdas feroaret al. Op it stuit is [[Polaris]] de poalstjer, en yn it jier [[2100]] sil er dat noch presizer wêze, mar om it jier 14.000 hinne hat [[Wega]] dy funksje. Fierders feroaret ek yn hokfoar it [[stjerrebyld]] de sinne stiet oan it begjin fan in seizoen. Sûnt likernôch it begjin fan de [[jiertelling]] stiet de sinne oan it begjin fan de [[maaitiid]] yn [[Fisken (stjerrebyld)|Fisken]]. Mar twa millennia fierder is de tiid fan Fisken hast foarby, en begjint hast de tiid fan [[Wetterman]].
 
== Skommeling ==