Stedsgrêft (Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
GPA
 
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw it wat oanpast en der wat skiednis byskreaun. De brêgen moat ik lykwols noch efkes neisjen.
Rigel 1:
De '''StadsgrachtStêdsgrêft''' (''Officieel: Stadsgracht'') is inde grêftkollektive namme foar it wetter yn de binnenstêd fan de stêd [[Snits (stêd)|Snits]]. Oer, de grêftkombenaasje lizzefan de Toppenhúster brêgestêdsgrêft en de Vangrêften Harinxmabrêgeyn 'e stêd. YnDe [[1492]]grêft waardhat begûndêrom meitrije derinnen. oanlisDe fannamme in''Stadsgracht'' stedsgrêftjildt ensûnt 15 maart 2007 foar alle trije as de offisjele stedsmuorrenamme.
 
== Súdrin ==
De namme ''Stadsgracht'' jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme.
Fan [[de Kolk]] giet de stêdsgrêft ûnder de Lemmerdykbrêge troch nei it súdeasten, tusken de ''Rienck Bockemakade'' en de ''Balthuskade'' troch, en draait dan nei it noardeasten, tusken de ''Rienck Bockemakade'' en de ''Prinsegrêft'' nei de [[Wâldfeart]]. Dit earste part, dat yn de folksmûle ''Prinsegrêft'' hjit nei de kade dêr't it bylans rint, is groeven fan [[1492]] ôf, doe't de ''Nijstêd'' binnen de nije stêdwal brocht wurde moast.
 
Fan hjir rint it wetter fierder tusken de ''Harinxmakade'' en de ''Koopmansgrêft'', nei de ''Van Harinxmabrêge'', en dan fierder nei it ''Heablok''. Dit part is tagelyk mei it earste groeven, om in ferbining te meitsjen tusken de Nijstêd en de Easterdyk.
{{stobbe}}
 
It lêste part rint fan it Heablok, tusken de ''Bothniakade'' en de ''Koopmansgrêft'' nei de ''Toppenhústerbrêge'', dêr't it wetter oanslút op it [[Simmerrak]] en de [[Snitser Aldfeart|Aldfeart]]. Dit wie nei gedachten it earste part fan de âldfeart, oant de útwreiding fan 1492 ôf, dêr't de Easterdyk en it wetter besúden dêrfan binnen de stêd brocht waard. Dizze twa parten hjitte yn de folksmûle fan ''Koopmansgrêft'', nei de nei de kade dêr't dy bylans rinne.
 
De súdrin hat brêgen dy't iepen kinne en kin dêrom brûkt wurde troch de plezierfeart.
 
== Noardrin ==
Fan de Kolk giet de stêdsgrêft ûnder de Wûnderbrêge troch nei it noardwesten, tusken de ''Wetterpoartsgrêft'' en de ''Westersingel'' troch nei de ''Keningsbrêge''. It is net hielendal wis at dit natuerlik wetter is, mar as net, dan is it groeven yn foar de foar Snitser histoaryske tiden. Dit part hjit yn de folksmûle de ''Wetterpoartsgrêft'', nei de wâle dêr't it bylâns rint.
 
Fan de Keningsbrêge rint it wetter nei it noarden, tusken de ''Tsjerkegrêft'' en de ''Westersingel'' troch. Dit part hat yn de folksmûle de namme fan ''Tsjerkegrêft'', nei de wâle dêr't it bylâns rint. Dit part is nei alle gedachten in natuerlike begrinzing fan de stêd, dy't sa ta stêdgrêft wurden is.
Oan de noardein fan de âlde stêd draait it wetter nei it easten nei de ''Noarderpoartsbrêge''. Dit stikje hjit ek wol ''Noarder Singel'', nei de namme dy't de kade oan de noardkante fan it wetter earder hân hat. Hoewol't it wetter yn oarsprong ûntstean is sa't de Tsjerkegrêft ûntstean is, is de hjoeddeiske lizzing it gefolch fan it ferdigeningswurk fan de ''Noarderpoarte'' dat de noardein fan de stêd foarmjûn hat.
 
Fan de Noarderpoartsbrêge rint de Stêdsgrêft nei it easten tusken de ''Prins Hindrikkade'' en de ''Badhúsgrêft'' troch, nei it punt dêr't earder de ''Neltsjehaven'' der op oansleat, en dan tusken de ''Prins Hindrikkade'' en de huzen fan de ''Noarderpoart'' troch nei de oanslúting mei de [[Frjentsjerter Feart]]. Op dizze twa stikjes wurdt it wetter almeast ''Badhúsgrêft'' neamd, nei de kade dêr't it earste bylâns rint. Ek dit part is foarme troch de ferdigening fan de Noarderpoart.
 
It wetter rint dan fierder nei it easten tusken ''Prins Hindrikkade'' en ''Swarte Dyk'' troch en dan tusken ''Prins Hindrikkade'' en ''Looxmagrêft'' troch nei de ''Keninginnebrêge''. Dit part is groeven as in âlde stêdsgrêft, wêrtroch in stik stêd benoarden de [[Himdyk]] binnen de stêd foel. Yn de folksmûle hjitte stikken ''Looxmagrêft'' nei de kade dêr't it lêste part bylâns rint.
 
Fan de Keninginnebrêge rint de Stêdsgrêft tusken deselde twa strjitten fierder nei it easten, nei de oanslúting mei [[de Swette]]. Dit part fan de grêft is groeven by de útwreiding fan 1492 doe't de Easterdyk binnen de stêd lutsen waard. Ek dit stik hjit yn de folksmûle fan ''Looxmagrêft'' nei de kade it bylâns rint.
 
It wetter rint dan tusken ''Prins Hindrikkade'' en de ''Twadde Easterkade'' fierder en draait nei it súdeasten nei de ''Easterpoartsbrêge''. Ek dit part fan de grêft is groeven by de útwreiding fan 1492 doe't de Easterdyk binnen de stêd lutsen waard. It wetter hjir hjit ek wol fan ''Easterpoartsgrêft'', nei de brêge.
 
Besúden de Easterpoartsbrêge rint it wetter fierder nei it súdeasten, tusken ''Jousterkade'' en de ''Earste Easterkade'' troch, foarby de ''Lytssânsterpiip'', en slút dan oan op it Simmerrak en de Aldfeart. Ek dit part hjit wol fan ''Easterpoartsgrêft''.
 
De noardrin hat meast brêgen dy't net iepen kinne en kin dêrom min brûkt wurde troch de grutte plezierfeart. Dat makket de rin lykwols gaadlik foar roeiboaten en flústerboatsjes. Foaral it noardwestlik part, mei noch griene wâlen is prachtich om bylâns te gean, oer de wâle mar foar al oer it wetter.
 
== Middelrin ==
Fan de eastein fan de Kolk oan de binnenkant fan de [[Snitser Wetterpoarte|Wetterpoarte]], rint de Middelrin tusken it Heeachein en it Heechein ûnder de ''Heecheinsterbrêge'' troch nei it easten. Dit part, dat yn de folksmûle it ''Heechein'' hjit nei de beide kaden, hat lang de haven fan Snits west, oant begjin 17e ieu de Kolk útgroeven waard ta in haven. It wetter gong oarspronklik fierder troch de ''Singel'' en de ''Hege Peallen'', mar sûnt de Singel yn de [[20e iue]] dimpt is, is de Súdbrêge de ienigste trochgong.
 
Fan de Súdbrêge ûnder de ''Middelbrêge'' troch nei de ''Aaiebrêge'' rint de Stêdsgrêft tusken it ''Grutsân'' en it ''Grutsân'' troch troch de stêd nei it noarden. Dit part hjit yn de folksmûle ít ''Grutsân'', nei de beide kaden. Dit is nei alle gedachten in wetter dêr't Snits as hannelsstêd bylâns woeksen is.
 
By de Aaiebrêge, in oerklúsing dy't trije âldere brêgen ferfong dêr't de âlde ''Aaiebrêge'' der ien fan wie, giet ''de Wip'' nei it westen, en gong eartiids it wetter fan it Grutsân fierder nei it noarden. Yn de 19e ieu is dat lêste wetter lykwols oerkluze en it is no net langer tagonkelik. De ienichste fuortsetting is nei it easten, tusken de ''Sûpemerk'' en de ''Sûpemerk'' troch, wat yn 'e folksmûle ''Sûpemerk'' hjit. Dan rint it wetter ûnder de ''Sylsterbrêge'' en de ''Byskestegebrêge'' troch tusken ''Lytssân'' en ''Lytssân'' troch en draait stadich nei it noardwesten, oant it troch de ''Lytssânsterpiip'' op de noardrin útkomt. Dit lêste part hjit yn 'e folksmûle nei de beide kaden it ''Lytssân''. Moochlik binne dizze parten fier yn it ferline groeven as tagong fan de húzen dy by de Himdyk lâns stienen. It Lytssân is earst by de útwreiding fan 1492 by de stêd kaam.
 
Troch de oerkluzings fan de Aaiebrêge en de Sylsterbrêge, en trochdat de kaden yn de rin fan de tiid útwreide binne wêrby it wetter smeller makke is, is de middelrin gjin gaadlik farwetter. As ''wetterstêd'' wurdt der troch Snits lykwols al nei sjoen hoe't dit ferbettere wurde kin.
 
== Monuminten ==
De súdrin en noardrin binne tegearre as stêdsgrêft oanwiisd as [[ryksmonumint]]. De middenrin is as wetter yn 'e stêd ek oanwiisd as ryksmonumint.
 
[[Kategory:Wetter yn Fryslân]]