Audulf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kat & st
twa ûnderkopkes makke
Rigel 1:
'''Audulf''' of '''Audwulf''', ([[Latynsk]]: '''Audulfus''') wie in [[Friezen|Fryske]] kening út de tiid fan it [[Grutte Folkeferfarren]] (om-ende-by [[600]]).
 
==Audulf munten==
Guon wittenskippers geane der fan út dat der yn de earste helte fan de [[7e ieu]] in Fryske kening hearske mei dizze namme de naam Audulf, waens namme gearstald is út de wurden [[adel]] en wolf. It grûngebiet dêr't dizze kening hearske hat lei mooglik yn it sintraal rivieregebiet fan Nederlân. De skreaune boarnen jouwe gjin ynformaasje oer dizze foarst, mar der binne gouden [[munten]] fûn dêr't “Audulfus” en “Frisia” op stiet. It Fryske gebied bestie doetiids út ferskate lytse politike ienheden, elts mei in eigen machtsintrum en kening. Opgravings yn Noard-[[Westergo]] hawwe oantoand dat sa'n macht yn dy tiid bestien hat yn de tsjintwurdige provinsje [[Fryslân]].
 
De munten binne yn Nederlân fûn yn Escharen en yn 'e omkriten fan [[Arnhim]] en binne ek fûn yn [[Ingelân]]. Se binne nei alle gedachten slein tusken [[600]] en [[630]]. Begjin 2006 waard yn [[Winaam]] in muntstimpel fûn fan Audwulf Frisia (AUDWULF FRISIA) op it plak dêr't al earder socht wie nei in ''keningshal'' fan in Fryske kening.
 
==Oerwinner fan de Franken==
In oare bysûnder fynst dy 't yn ferbân brocht wurdt mei Audulf is de goudskat fan [[Wiuwert]]. Hjir siet in munt by mei it opskrift VICTORIA AUDUFO, dy 't wierskynlik slein waard nei it beheljen fan in wichtige oerwinning. It folk dat it meast as tsjinstanner fan kening Audulf yn de beneaming komt binne de [[Franken]], dy't de Friezen deyn hearskippijdy bestridentiid hawwede hearskippij oer de mûning fan de [[Ryn]] bestriden hawwe.
 
==Boarne==
* {{aut|K.P.H. Faber}}, ''Audulfus, een Friese Koning, in Fryslân'', Nieuwsblad voor geschiedenis en cultuur, no.4, 4e jiergong, desimber 1998
*H. {{aut|[[Herre Halbertsma]]}}, ''Frieslands Oudheid'', Utrecht, 2000, s. 68
 
[[Kategory: kening fan de Friezen]]