Stedsgrêft (Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Stadsgracht (Snits) feroare ta Stêdsgrêft (Snits): Sa hjit it yn it Frysk, fansels.
Aliter (oerlis | bydragen)
L offisjeel en wat oare korreksjes
Rigel 1:
De '''Stêdsgrêft''' (''OfficieelOffisjeel: Stadsgracht'') is de kollektive namme foar it wetter yn de binnenstêd fan de stêd [[Snits (stêd)|Snits]], de kombenaasje fan de stêdsgrêft en de grêften yn 'e stêd. De grêft hat dêrom trije rinnen. De namme ''Stadsgracht'' jildt sûnt 15 maart 2007 foar alle trije as de offisjele namme.
 
== Súdrin ==
Fan [[de Kolk]] giet de stêdsgrêft ûnder de ''Lemmerdykbrêge'' troch nei it súdeasten, tusken de ''Rienck Bockemakade'' en de ''Balthuskade'' troch, en draait dan nei it noardeasten, tusken de ''Rienck Bockemakade'' en de ''Prinsegrêft'' nei de [[Wâldfeart]]. Dit earste part, dat yn de folksmûle ''Prinsegrêft'' hjit nei de kade dêr't it bylans rint, is groeven fan [[1492]] ôf, doe't de ''Nijstêd'' binnen de nije stêdwal brocht wurde moast.
 
Fan hjir rint it wetter fierder tusken de ''Harinxmakade'' en de ''Koopmansgrêft'', nei de ''Van Harinxmabrêge'', en dan fierder nei it ''Heablok''. Dit part is tagelyk mei it earste groeven, om in ferbining te meitsjen tusken de Nijstêd en de Easterdyk.
 
It lêste part rint fan it Heablok, tusken de ''Bothniakade'' en de ''Koopmansgrêft'' nei de ''Toppenhústerbrêge'', dêr't it wetter oanslút op it [[Simmerrak]] en de [[Snitser Aldfeart|Aldfeart]]. Dit wie nei gedachten it earste part fan de âldfeart, oant de útwreiding fan 1492 ôf, dêr't de Easterdyk en it wetter besúden dêrfan binnen de stêd brocht waardwaarden. Dizze twa parten hjitte yn de folksmûle fan ''Koopmansgrêft'', nei de nei de kade dêr't dy bylans rinne.
 
De súdrin hat brêgen dy't iepen kinne en kin dêrom brûkt wurde troch de plezierfeart.
 
== Noardrin ==
Fan de Kolk giet de stêdsgrêft ûnder de ''Wûnderbrêge'' troch nei it noardwesten, tusken de ''Wetterpoartsgrêft'' en de ''Westersingel'' troch nei de ''Keningsbrêge''. It is net hielendal wis at dit natuerlik wetter is, mar as net, dan is it groeven yn foar de foar SnitserSnits histoaryske tiden. Dit part hjit yn de folksmûle de ''Wetterpoartsgrêft'', nei de wâle dêr't it bylâns rint.
 
Fan de Keningsbrêge rint it wetter nei it noarden, tusken de ''Tsjerkegrêft'' en de ''Westersingel'' troch. Dit part hat yn de folksmûle de namme fan ''Tsjerkegrêft'', nei de wâle dêr't it bylâns rint. Dit part is nei alle gedachten in natuerlike begrinzing fan de stêd, dy't sa ta stêdgrêft wurden is.
Oan de noardein fan de âlde stêd draait it wetter nei it easten nei de ''Noarderpoartsbrêge''. Dit stikje hjit ek wol ''Noarder SingelNoardersingel'', nei de namme dy't de kade oan de noardkante fan it wetter earder hân hat. Hoewol't it wetter yn oarsprong ûntstean is sa't de Tsjerkegrêft ûntstean is, is de hjoeddeiske lizzing it gefolch fan it ferdigeningswurk fan de ''Noarderpoarte'' dat de noardein fan de stêd foarmjûn hat.
 
Fan de Noarderpoartsbrêge rint de Stêdsgrêft nei it easten tusken de ''Prins Hindrikkade'' en de ''Badhúsgrêft'' troch, nei it punt dêr't earder de ''Neltsjehaven'' der op oansleat, en dan tusken de ''Prins Hindrikkade'' en de huzen fan de ''Noarderpoart'' troch nei de oanslúting mei de [[Frjentsjerter Feart]]. Op dizze twa stikjes wurdt it wetter almeast ''Badhúsgrêft'' neamd, nei de kade dêr't it earste bylâns rint. Ek dit part is foarme troch de ferdigening fan de Noarderpoart.
 
It wetter rint dan fierder nei it easten tusken ''Prins Hindrikkade'' en ''Swarte Dyk'' troch en dan tusken ''Prins Hindrikkade'' en ''Looxmagrêft'' troch nei de ''Keninginnebrêge''. Dit part is groeven as in âlde stêdsgrêft, wêrtroch in stik stêd benoarden de [[Himdyk]] binnen de stêd foel. Yn de folksmûle hjitte dizze stikken ''Looxmagrêft'' nei de kade dêr't it lêste part bylâns rint.
 
Fan de Keninginnebrêge rint de Stêdsgrêft tusken deselde twa strjitten fierder nei it easten, nei de oanslúting mei [[de Swette]]. Dit part fan de grêft is groeven by de útwreiding fan 1492 doe't de Easterdyk binnen de stêd lutsen waard. Ek dit stik hjit yn de folksmûle fan ''Looxmagrêft'' nei de kade dêr't it bylâns rint.
 
It wetter rint dan tusken ''Prins Hindrikkade'' en de ''Twadde Easterkade'' fierder en draait nei it súdeasten nei de ''Easterpoartsbrêge''. Ek dit part fan de grêft is groeven by de útwreiding fan 1492 doe't de Easterdyk binnen de stêd lutsen waard. It wetter hjir hjit ek wol fan ''Easterpoartsgrêft'', nei de brêge.
Rigel 29:
 
== Middelrin ==
Fan de eastein fan de Kolk oan de binnenkant fan de [[Snitser Wetterpoarte|Wetterpoarte]], rint de Middelrin tusken it Heeachein en it Heechein ûnder de ''Heecheinsterbrêge'' troch nei it easten. Dit part, dat yn de folksmûle it ''Heechein'' hjit nei de beide kaden, hat lang de haven fan Snits west, oant begjin 17e ieu de Kolk útgroeven waard ta in haven. It wetter gong oarspronklik fierder troch de ''Singel'' en de ''Hege Peallen'', mar sûnt de Singel yn de [[20e iueieu]] dimpt is, is de ''Súdbrêge'' de ienigste trochgong.
 
Fan de Súdbrêge ûnder de ''Middelbrêge'' troch nei de ''Aaiebrêge'' rint de Stêdsgrêft tusken it ''Grutsân'' en it ''Grutsân'' troch troch de stêd nei it noarden. Dit part hjit yn de folksmûle ít ''Grutsân'', nei de beide kaden. Dit is nei alle gedachten in wetter dêr't Snits as hannelsstêd bylâns woeksen is.
 
By de Aaiebrêge, in oerklúsing dy't trije âldere brêgen ferfong dêr't de âlde ''Aaiebrêge'' der ien fan wie, giet ''de Wip'' nei it westen, en gong eartiids it wetter fan it Grutsân fierder nei it noarden. Yn de 19e ieu is dat lêste wetter lykwols oerkluze en it is no net langer tagonkelik. De ienichste fuortsetting is nei it easten, tusken de ''Sûpemerk'' en de ''Sûpemerk'' troch, wat yn 'e folksmûle ''Sûpemerk'' hjit, nei de beide kaden. Dan rint it wetter ûnder de ''Sylsterbrêge'' en de ''Byskestegebrêge'' troch tusken ''Lytssân'' en ''Lytssân'' troch en draait stadich nei it noardwesten, oant it troch de ''Lytssânsterpiip'' op de noardrin útkomt. Dit lêste part hjit yn 'e folksmûle nei de beide kaden it ''Lytssân''. Moochlik binne dizze parten fier yn it ferline groeven as tagong fan de húzen dy by de Himdyk lâns stienen. It Lytssân is earst by de útwreiding fan 1492 by de stêd kaam.
 
Troch de oerkluzings fan de Aaiebrêge en de Sylsterbrêge, en trochdat de kaden yn de rin fan de tiid útwreide binne wêrby it wetter smeller makke is, is de middelrin gjin gaadlik farwetter. As ''wetterstêd'' wurdt der troch Snits lykwols al nei sjoen hoe't dit ferbettere wurde kin.
Rigel 41:
 
[[Kategory:Wetter yn Fryslân]]
[[Kategory:Snits (stêd)]]