Scouting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 14:
 
==Ynfloeden==
Skouting hat in oantal gewoantes oernaam út it leger troch synhar eftergrûn. It hat lykwols nea de bedoeling west om in jongereinleger op te setten. Gewoanten dy’t oernaam binne, binne bygelyks: unifoarmen (sadat eltsenien, mei hokker eftergrûn ek, lyk oan mekoar is), it iepenjen mei in flagge en it saluearjen.
 
Mar Baden-Powell seach goed om him hinne om Skouting foar eltsenien (oantreklik) te meitsjen. Foar de jongere jonges betocht hy de Welpen dy’t nei it Jungle Book ferhaal fan Rudyard Kipling yn de Rimboe mei Akela de wolf, Baloo de bear, Bagheera de panter, Kaa de slange en oare bisten spannende tiden belibben. De lieding fan ‘Welpen Hordes’ binne ferneamd nei dizze bisten.