Ferskil tusken ferzjes fan "Jan van Hoof"

gjin bewurkingsgearfetting
== Syn ferhaal ==
 
Foar de kriich wie Jan van Hoof in paadfiner ([[Skout]]). Yn de Twadde Wrâldkriich wie skouting ferbean yn de measte besette lannen. Alle skouting organisaasjes soenen oergean yn de [[Nasjonale Jeugdstoarm]] (Nederlânsk: Nationale Jeugdstorm of NJS), de Nederlânske ferzje fan de [[Hitler-Jongerein]] (Dútsk: Hitler-Jugend of HJ). De Nederlânske skouting organisaasjes gienen net akkoard mei de betingsten fan de Dútsers en gienen ûndergrûns en sommige groepen sels yn it ferset.
 
Ek Jan van Hoof gie yn it ferset. Wylst de besetting fan de Dútsers yn Nederlân oan de gong wie, bestudearre hy de omkriten en makke dêr tekeningen fan. Doe't de [[Alliearden]] nei Nederlân kamen mei Operaasje Market Garden brûkte hy syn kunde troch de Alliearden troch Nymwegen te loadsen.
Anonime meidogger