Scouting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 9:
Baden-Powell (B-P) wie in Generaal yn it Ingelske leger en focht foar syn heitelân yn dielen fan koloniaal Afrika en Yndia. Hy koe syn rekruten goed trene en sa kaam it idee fan in lieder fan in foarrinner fan Skouting dat Baden-Powell wol in boek skriuwe koe foar jonges, mei as doel om net goeie soldaten, mar goeie boargers foar de maatskippij te wurden. Baden-Powell seach hjir wol wat yn en hy betocht dat as hy in kamp hâlde soe mei jonges út it hiele lân út ferskate leefmiljeus dat er dan goed sjen koe wat der by de jongerein libbe om in goeie hantlieding te skriuwen foar in goed boargerskip. En sa barde it, yn 1907 gie er mei 21 jonges nei Brownsea Island om it ‘spul fan Ferkennen’ út te probearjen. It slagge.
 
Nei dit kamp skreau Baden Powell it boek 'Ferkennen foar Jonges' (Ingelsk: Scouting for Boys). It boek kaam út yn [[1908]] en waard in grut súkses yn Ingelân en oeral begûnen jonges de dingen beskreaun yn it boek nei te dwaan. Sy begûnen klupkes mei eigen [[makke unifoarmen]] sa as bern dat dogge. Yn de rin fan de tiid gienen folwoeksenen dit begelieden, út dizze klupkes ûntstienen regio’s en út de regio’s ûntstienen lanlike organisaasjes en úteinlik ek in (oantal) wrâldsorganisaasje(s). Baden Powell lei syn taken yn it leger neist him del om fierder te gean mei skouting. Hy waard útroppen as Oer Skout fan de Wrâld (Ingelsk: Chief Scout of the World). Letter koenen ek famkes by skouting. Syn wiif, Olave Baden-Powell, naam dit foar har rekken. Famkes by Skouting waarden ek wol Paadfynsters of Gidsen neamd.
 
Fierders kamen der allerhanne groepen by, lykas wetter-Skouts, loft-Skouts, en sa fierder.