Ealwyn fan York: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Alkuin ->Ealwyn
wat stavering
Rigel 1:
[[Ofbyld:Raban-Maur Alcuin Otgar.jpg|thumb|Hrabanus Maurus (links), ûndersteune troch Ealwyn (midden), jout syn wurk oan Otgar fan Mainz (rjochts) – Ofbylde yn in manuskript fan Fuldense ± 830]]
'''Ealwyn''' (yn it Angelsaksysk ''Ealhwine'', yn it Latyn: ''Alcuinus'', ( [[735]]-[[804]] ) '''fan York''', wie in Angelsaksyske gelearde en skriuwer út de [[8e ieu]]. Hy is ek wol bekend as '''Ealwyn fan Toers''', nei de stêd dêr't er ferstoarn is.
 
==Biografy==
Rigel 7:
Tusken [[790]] en [[793]] gie Ealwyn yn opdracht fan Karel de Grutte in skoftlang werom nei syn bertelân, mar dêrnei ferbleau hy oant syn dea foarfêst op it kontinint. Yn [[796]] waard him de abdij tabetroud fan Sint Martinus yn [[Toers]] (al wie hy sels gjin muonts). Hy fierde in oantal wichtige feroarings yn, lykas de ferbettering fan de tucht en yn it ûnderwiis. Ek boude hy in kreaze bibleteek op, besteande út wichtige wurken fan oare bibleteken en syn bertestêd York, dy't er oerskriuwe litten hie.
 
Sûnt [[801]] wenne Ealwyn foaral yn Toers, wêr't hy him wijde oan de stúdzje fan sawol profane as teologyske literatuer. Hy hat in – lykwols nêt altyd omskreaun en fêst te stellen – rol spile yn de [[byldestriid]], yn de opstelling fan in op 'en nij besjoene bibeltekst en wierskynlik ek by de keizerkroaning fan Karel de Grutte. Oan him tankttanket it [[kristendom]] ek it op 'e nij besjen fan it [[Romeinsk Missaal]]. Uteinlik hat er syn ynfloed brûkt ta geunste fan de Frankyske misjonearring ûnder de ûnderwurpen folken. Ealwyn ferstoar yn Tours op [[19 maaie]] [[804]].
 
==Literêr wurk en betsjutting==
Ealwyn wie de meast promininte persoan fan de [[Karolingyske renêssânse]]. Hy brocht de [[Frankyske Ryk|Franken]] yn kontakt mei de [[Latyn]]ske kultuer dy't yn Ingelân noch bestie. Fan grutte betsjutting hat syn rol west yn it fersprieden fan wat der noch oan literatuer bestie út eardere tiden. OarspronkelikOarspronklik binne syn wurken net, mar se hawwe krekt as doel hân om de fersprieding fan kennis te befoarderjen. As de minister fan ûnderwiis ûnder Karel de Grutte hat Ealwyn soarge foar it behâld fan de [[Epistola_de_Litteris_Colendis|literêre boarnen]], foar de organisaasje fan skoallen, en foar it nei in heger nivo bringen fan it ûnderrjocht. Sadwaande hat hy grif de wichtichste skeakel west tusken de ûntwikkeling fan it ûnderwiis (en dêrtroch fan de wittenskip), fan [[Kassiodorus]] en [[Isidorus fan Sevilla]] oant'en mei de bloeitiid fan de [[skoalestyk]].
 
Fan Ealwyn binne in oantal bibelkommentaren bewarre bleaun. Syn haadwurk is lykwols '''''De fide sanctae et individuae Trinitatis''''', in teologysk wurk oer it mystearje fan de [[Trije-ienheid]], dat foaral linet op [[Augustinus|Augustinus fan Hippo]]. Syn ienige wurk op it mêd fan tematyske wiisbegearte is in boek oer de siel, '''''De animae ratione''''', dat alyksa foar in grut part beynfloede is troch Augustinus. Fierders binne fan him om-ende-by 300 brieven bekend dy't útsein de wittenskiplike ynhâld, ek in wichtige boarne binne foar ús histoaryske kennis fan dat tiidrek. Fan syn hân binne ek noch in oantal gedichten, û.o. '''''De cucullo''''', (''Oer de Koekoek''), en ferskate skoallehânboeken, wêrfan û.m. oer stavering, dialectica en retorica bewarre bleaun binne.
 
Op syn namme stean in samling fraachstikken en tinkoefeningentinkoefenings 'om it ferstân fan de jeugd te skerpen'. Dêrûnder wienen guon dy't ek hjoed noch populêr binne, lykas de bekende fraach oer de koal, de geit en de wolf.