Perzyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L kat&st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Persian empire 490bc.gif|thumb|It Perzyske Ryk yn 490 f. Kr.]]
It '''PerzischePerzyske Ryk''' is de namme dy't brûkt wurdt foar it tiidrek tusken [[559 f. Kr.]] en [[651|651 n. Kr.]] dat it tsjintwurdige [[Iran]] regearre waard troch in tal dynastyën. It begûn mei de stifting fan it keninkryk Perzje yn 559 f. Kr. troch kening [[Sirus II de Grutte]], de earste fan de [[Achaemeniden]] dy't de ferdielde keninkriken by inoar brocht. De ein fan it Perzyske Ryk kaam ûnder it regear fan de [[Sassaniden]] dy't yn 651 troch de [[Islam]]iten ferslein waarden.
 
==It ûntstean fan it Ryk==
Om [[559 f. Kr.]] ferienige [[Sirus II de Grutte]] de yn dy tiid ferdielde keninkriken fan de [[PersenPerzen]] en [[Meden]]. Hy makke in ein oan it wichtige Middenryk dat troch syn pake [[Astyages]] regearre waard. Sius neamde himsels [[shah]] en gong fierder my syn oermasterings. Hy oermastere [[Lydyë]] yn [[Lyts-Aazje]] en brocht syn manlju nei Sintraal-Aazje. De âlde stêd [[Babylon]] foel yn syn hannen en dêrtroch neamde se him in oermasterder fan goede wil. Hy stelde in ferneamd [[hânfest]] op dêr't er yn taseit om Babylon net te terrorisearjen of har ynstellings en kultuer te ferneatigjen.
 
De soan fan Sirus, [[Cambyses II]], foege troch oermasterings [[Alde Egypte|Egypte]] ta oan it Perzyske ryk. It Ryk soe har grutste útwreiding berikke ûnder [[Darius I]]. Dy liede syn legers de fallei fan de rivier de [[Indus (rivier)|Indus]] yn en nei Jeropa ta. Yn [[Grikelân]] waard syn ynvaasje hoholden nei't er de ferneamde [[Slach by Marathon]] ferlear. In soan fan Darius, [[Kserkses I|Kserkses]] soe it letter op 'e nij besykje, mar ferlear allyksa tsjin de Griken, yn de [[Slach by Salamis]] yn [[480 f. Kr.]].
 
Doedestiids wie it Perzyske ryk fan Agaemeniden it grutste en krêftichste ymperium oant dan ta. Wat foaral wichtich wie, it ryk waard goed laat en wie tûk organisearre. Under Darius waard it keninkryk yn om-ende-by tweintich provinsjes ferdield dat fan ''[[satraap|satrapen]]'' (gûverneurs) late waard. Hy sette in belêstingsysteembelestingsysteem op, yntrodusearre it postsysteem fan de Assyrjers dat er fierder útwreide en litliet wegen oanlizze dat benammen de hannel fertuten die. Ek naam er fan it [[Assyryske ryk]] it gebrûk oer fan [[geheim agentagint|geheime agentagint]]en, de "Eagen en Earen fan de Kening", dy't him ynljochtings joegen oer de stân fan saken yn it ryk. De PersenPerzen lieten de lokale kultueren gewurde en dat die it ymperium fertuten , meidat de oermastere folken gjin ferlet hienen fan in opstân.
 
Tidens it tiidrek fan de Agaemeniden, wie it [[zoroastrisme]] de [[godstsjinst]] fan de hearskers en it meastepart fan de befolking. Dy religy leit de klam op de universele striid tusken goede en kweade goaden. It Zoroastrisme en har mystykemystike lieders, de saneamde [[MagiMagy]], hearre by de Perzyske kultuer.
 
==Sjoch ek==
* [[Keningen fan Perzje]]
 
[[Kategory:Skiednis]]
 
[[ca:Imperi Persa]]