De Fochtel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
postkoade/netnûmer
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L fan nl:
Rigel 11:
}}
'''De Fochtel''' is in doarp yn de gemeente [[Eaststellingwerf]], east fan [[Easterwâlde]]. It doarp hat likernôch 449 ynwenners.
It hert fan De Fochtel wurdt foarme troch it multyfunksjonele doarpshûs ''Et Legien''. Hjiryn binne ek de skoalle en de klaaikeamers foar de pleatslike fuotbalclub yn ûnderbrocht.
 
De Fochtel hat in eigen kapel. Dizze heart ta de Protestantske Gemeente yn [[Easterwâlde]]. Allinnich yn de simmermoannen en Earste Krystdei wurde der tsjerketsjinsten hâlden. Mei yngong fan 2008 wurde der gjin tsjinsten mear hâlden.
 
Op it begraafplak stiet ek ien fan de [[klokkestuollen yn Fryslân]].
<gallery>
Image: Klokkenstoel Fochteloo 08C.JPG|Klokkestoel
</gallery>
 
Slûs [[Fochtelerferlaat]] falt geografysk ek ûnder De Fochtel, hoewol't se allinnich troch in fytspaad mei it doarp ferbûn is. Iens yn de 5 jier is der in doarpsfeest. It kommende doarpsfeest is yn 2011.
 
==Kamp Oranje en Ybenheer==
By De Fochtel wie sûnt de [[1930-1939|jierren tritich]] in wurkkamp festige yn it ramt fan de wurkferskaffing, it [[Rykswurkkamp Ybenheer]]. Yn [[1942]] waard dit in wurkkamp foar manlike [[Joaden|Joadske]] [[twangarbeider]]s. Yn de nacht fan [[2 oktober|2 -]] op [[3 oktober]] fan dat jier waard it ûntromme. Alle 215 kampbewenners waarden nei [[kamp Westerbork]] transportearre, en dêrwei nei [[Auschwitz]] en [[Sobibór]]. Nei de oarloch is it kamp brûkt om [[Molukken|Molukse]] [[Keninklik Nederlânsk Yndysk Leger|KNIL]]-militêren en harren húshâldings yn ûnder te bringen.<BR> By it eardere kamp Ybenheer is op 2 oktober [[2002]] in monumint ûnthuld as neitins oan it kamp. Yn kamp Oranje herinnert allinnich it eardere [[apelplak]] noch oan it kamp.
 
== Omkriten ==
Tusken De Fochtel en [[Feanhuzen]] leit it [[Fochteler Fean]], in [[heechfean]]gebiet fan ûngefear 2500 bunder. Dit gebiet wurdt beheard troch [[Natuermonuminten]].
 
==Strjitten:==
Feanwei, Ferlaat, Fochtelooerveen, Helomawei, Noardein, Stienekamp, Súdein, Vogelrijd, West.
Line 16 ⟶ 33:
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
{{stobbe}}
 
==Keppeling om utens==
*[http://www.friesarchiefnet.nl/genealogie.asp?partID=459#3e Strjitnammen yn De Fochtel]
 
{{Koördinaten|52_59_33_N_6_20_5_E_type:city_scale:66000_region:NL|52° 59' NB, 6° 20' EL}}
 
[[Kategory:Eaststellingwerf]]