De Leien (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
gpa
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L fan nl:
Rigel 1:
'''De Leien''' is in mar yn de gemeente [[Smellingerlân]]. De mar leit benoarden [[Drachten]], súd fan [[Eastermar]] en west fan [[De Tike]].
It is ûntstien troch [[fean (grûnsoarte)|feanôfgraving]] en dêrom op in soad plakke ûndjip. Troch de mar rint in soal fan [[De Pein]] nei [[Eastermar]] en nei [[Rottefalle]]. Oan de eastkant fan de maris in strantsje mei horekagelegenheid en kemping.
 
De mar is foar in grut part yn hannen fan [[Steatsboskbehear]]. Eartiids stie De Leien bekend as in natoergebiet w êr't ek in soad bysûndere fûgelkoloanjes wienen. Yn it ramt fan ûntwikkeling fan de Lits-Lauwersmarrûte wurdt de mar geskikter makke foar rekreaasje en toerisme. Hjir en dêr binne eilantsjes mei oanlisplakken makke. De farrûtes en tagonklikens binne ferbettere troch fargeulen oan te lizzen. De havens yn de omkriten fan De Leien wurden yn it ramt fan itselde projekt ek opknapt en ferbettere. Sa krijt [[De Tike]] (oan aan de westkant fan De Leien) in lyts haventsje en [[Eastermar]] sels in folslein nij wettersportterrein mei in passantehaven mei 30 lisplakken. Yn [[De pein]] binne ek nije oanlissteigers makke.
 
Sa soargje de plannen fan Steatsboskbehear foar in ympuls yn it toerisme op en om De Leien. It natoergebiet wurdt mear en mear omset yn in rekreaasjeplasse. Foar de natuerlike wettersporters (lês: silers en wynsurfers), is de mar troch de soad eilantsjes, sânbanken en fargeulen minder geskikt wurden. Mar foar de farders mei gruttere motorjachten is it in stik ferbettere.
 
De namme ''De Leien'' jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme ''De Leijen''.
 
==Keppeling om utens==
{{stobbe}}
*http://www.eastermar.nl
*http://www.fugelwacht.nl
 
{{Koördinaten|53_9_21_N_6_3_45_E_type:waterbody_zoom:13_region:NL|53° 9' NB, 6° 4' EL}}
 
[[Kategory:Wetter yn Fryslân]]
[[Kategory:Smellingerlân]]
 
[[nl:De Leijen (meer)]]