Ychten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L fan nl: en befolking fan de EvhhF1
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L →‎Geografy: Middenfeart (Ychten)
Rigel 5:
Yn 1511 wurdt Ychten skreaun as Echtna, lizzende yn de [[gritenij]] fan [[Lemster Fiifgea]]. Dat it doarp âld is, blykt wol ú âlde stikken fan it jier [[1200]] doe't der 23 húshâldings wennen. De tsjerke hat ek in rike histoarje en is neamd nei de hillige [[Lourentsius]] anno [[1597]]. Begjgin [[1825]] hat de tsjerke in skûlplak en r6eding west foar in soad minsken, want yn dat jier hat der in grutte oerstreaming west mei as gefolch dyktrochbraken. It wetter stie doe op in soad plakken 1.50 meter boppe it [[meanfjild]]. Fan de 182 wenten dy't destiids yn Ychten stienen, binne mear as 150 diels slims skansearre en ferdwûn. Krekt yn dy tiid wie de feanterij al drok oan'e gong. De op it fjild steande foarrieden [[turf]] spielden fuort, fee ferdronk, wêrtroch de earmoede dêrnei ek tige grut wie.
==Geografy==
Yn it gebiet fan Ychten binne yn de [[19e ieu]] inkele fearten groeven foar de ôffier fan turf. In foarbyld hjirfan is de yn it súdeastlike diel lizzende [[Klynsmafeart]]. Fierder de [[Middenfeart (Ychten)|Middenfeart]] en de [[Giterske Feart]], dat op it gebiet fan [[Eastersee]] leit. Oarspronklik in gebiet mei in soad bosk ôfwiksele mei stikjes greidlân. Nei [[1750]] is dit gebiet foar in grut part fergroeven foar [[turfwinning]] en hat it gebiet yn de rin fan de tiid grutte feroarings ûndergien.
Om 1840 hinne is men begûn mei de útfeante plassen droech te meallen en yn kultuer te bringen. In pear persielen dy't herinnerje oan dy perioade binne noch werom te finen yn it gebiet, ek de trije slúskes dy't foar de ôffier brûkt waarden binne der noch. De feanarbeiders makken romte foar de boeren. Lân wie wetter en wetter waard wer lân.
 
De [[Tsjûkemar]] is mei syn 2116 ha. de grutste mar fan Fryslân. Yn [[1856]] is men drok dwaande west om de mar droech te meitsjen. De plannen wienen hielendal rûn. Sa moasten der 6 wettermûnen boud wurde, in slûs, inkele kilometers feart groeven en ek wegen oanlein wurde. De totale kosten waarden rûsd op fl. 459.165,00 of omrekkene fl. 218,65 per ha. Dat it plan net útfierd is, kaam trochdat der net genôch jild oanlutsen wurde koe en ek de grûnsoarte wie net sokke bêste kwaliteit. Sadwaande is ien fan de grutste Fryske marren bewarre bleaun.
 
==It besjen wurdich==
Oan de Tsjûkemar stiet it [[gemaal Ychten|gemaal fan Ychten]] dat it wetter loost op de [[Fryske boezem]]. Hjir stiet ek it stânbyld fan Tsjûke en March. By dat stânbyld stiet in tekst dy't it ûntstean fan de Tsjûkemar ferklearret. Dizze lytse leginde hjit [[De held en de draek]].