Wâldfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L st
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[ weihelle
Rigel 16:
taalkoade ISO 639-3/DIS = n.f.t. |
}}
It '''Wâldfrysk''' is ien fan 'e fjouwer grutte dialekten fan it [[Frysk]] en wurdt sprutsen yn it eastlike part fan 'e provinsje [[Fryslân]], rûchwei tusken [[Dokkum]] yn it noarden, [[Ljouwert]], de [[Alde Feanen]] en [[It Hearrenfean]] yn it westen en de [[Stellingwerven]] yn it suden. Yn it easten wurdt it begrinzge troch de provinsjegrins mei [[Grinslân]] en [[Drinte]], útsein tusken [[Surhústerfean]] en [[Fryske Peallen]], want dêr rint it Wâldfryske taalgebiet troch yn 'e provinsje [[Grinslân]] yn 'e trijehoek [[Mearum]]-[[De Wylp]]-[[De Grinzer Pein]].
 
It Wâldfrysk tanket syn namme oan it feit dat der yn easten fan [[Fryslân]] beamrigen brûkt wurde as ôfskieding tusken greiden. Yn it westen en noardeasten fan 'e provinsje wurde foar dat doel sleatten brûkt, mar yn 'e [[Wâlden]] sakket it wetter fluch yn wei yn de sânige grûn.