Gerkeskleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L strjitte
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L fan nl en de webstee fan Gerkeskleaster
Rigel 2:
'''Gerkeskleaster''' is in doarp yn it noardeasten fan de gemeente [[Achtkarspelen]], oan it [[Prinses Margrietkanaal]]. It doarp hat 821 ynwenners (1 jannewaris 2006).
 
Tegearre mei [[Strobos]] foarmet Gerkeskleaster it twjillingdoarp [[Gerkeskleaster-Strobos]]. Tegearre ha se 1775 ynwenners (2007).
 
De doarpen lizze yn in [[klaai]]gebiet, dat it typyske karakter fan De Wâlden mist; hjir gjin dykswâlen, mar in iepen lânskip. De doarpen foarmje ien geheel. Oant [[1993]] waard it doarp Strobos trochsnien troch de grins mei de Grinslanner gemeente [[Grootegast]], dy't tagelyk ek de grins mei de provinsje [[Grinslân]] foarme. Omdat dit allerhande praktyske beswierren joech, is it Grinslanner diel fan Strobos nei Achtkarspelen oergegien. De lizzing oan it [[Prinses Margrietkanaal]]/[[Van Starkenborghkanaal]] is al hiel lang fan grut belang foar dizze doaarpen. De yndustry krige dêrfoar al gau in kâns, en der sitte dan ek in pear grutte bedriuwen.
 
==Skiednis==
Yn it earstoan lei hjir de delsetting ''Wigerathorp''. De grutgrûnbesitter Gercke Harkema út [[Twizel]] liet der yn [[1240]] troch muontsen út it kleaster [[Klaarkamp]] in [[kleaster]] stiftsje, ''Jeruzalem'' neamd, dat yn [[1249]] yn de [[Cisterciënzers|Sistersjenzer kleasterorde]] opnomd waard. Der waard teffens in tsjerke stiften, wêrtroch't de delsetting ien fan de acht [[kerspel]]s (tsjerkedoarpen) waard. Yn de praktyk waard it kleaster ''Gerckes' kleaster'' neamd. Dy namme gie oer op de delsetting. De nôtmole fan dat kleaster hat der wierskynlik oant a580 stien.
 
Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] soe yn [[1571]] de klok út de tsjerketoer stellen wêze ferkocht. Oare boarnen sizze dat de klok yn 1503 troch de wettergeuzen fuortrôve waard. Yn elts gefal hinget de klok no yn de tsjerke fan de [[Denemark|Deenske]] plak [[Gadstrup]] (op [[Seeland]]). Doe't Fryslân oergie op it [[protestantisme]] waard it kleaster yn [[1580]] ôfbrutsen. Allinnich de [[brouwerij]] fan it kleaster bleau stean. Dizze waard op [[7 augustus]] [[1629]] as tsjerke yn gebrûk nommen. De tsjerke waard yn [[1786]] fergrutte en ferhege, en waard yn [[1974]]-[[1975]] opnij ferboud. Yn [[1926]] waard ek in gereformearde tsjerke boud.
 
Fan [[1913]] oant [[1991]] wie yn Gerkeskleaster in [[steenfabryk]]. De [[molkfabryk]], dy't om [[1900]] boud waard, is tsjintwurdich in ûnderdiel fan it suvelkonsern [[Friesland Foods]].
==Mienskip==
It doarpshûs hjit "Rehobot" en de doarpskrante. Der is in feriening foar Pleatslik Belang en in Stifting Doarps Aktiviteiten. It doarp hat ien skoalle, "De Claercamp".
===Ferienings===
*"Intermezzo"- dûbelkwartet, ûntspanningsferiening
*"Pro Junior"- brassband jongerein
*MBVO en DIO - gymnastyk
*biljertferiening
*Frigro - kuorbal
*Grinsgefal - shantykoar
*[[GSVV]] - fuotbal
*Stifting "Musical"
 
===Befolking:===
*[[1955]] - 1064
*[[1960]] - 966
*[[1965]] - 949
*[[1970]] - 918
*[[1973]] - 961
*[[2006]] - 821
==Ferskaat==
*{{Aut|Klaas van der Schuit,Jannie Geertsma-Hamstra}} -"Gerkesklooster – Stroobos, het dorp dat leeft"
*Op [[22 febrewaris]] 2007 is de nije brêge oer it [[Prinses Margrietkanaal]] iepene.
==Strjitten==
De Brouwerij, De Flaphoeke, De Gauw, De Lauwers, De Lege Finne, De Poarthoeke, De Foarstreek, Dikholt, Dokkumertrekwei, Dykhuzen, Easterboeren, Ferlaatsterwei, Fryske Streek, HetIt Singel, Hoogstraten, Izermieden, Tsjerkeboeren, [[Klaarkamp]], Kolonelsdiep, Molestrjitte, Monnikewei, Sarabos, Spriensma S's Reed, Uithof, VerlaatsterwegWest, West | Wibrandstrjitte, Wigerathorp, [[Wolter Derksz]]strjitte.
 
==Keppeling om utens==
* [http://www.gerkesklooster-stroobos.nl/ Webstee Gerkeskleaster-Stroobos]
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
 
{{stobbe}}
[[Kategory:Achtkarspelen]]