François Haverschmidt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 3:
 
== Famylje ==
François Haverschmidt waard yn 1835 berne op de [[Foarstreek]] yn [[Ljouwert]] as tredde soan en sechde bern fan sân fan de apteker/wynhanneler [[Nicolaas Theodorus Haverschmidt]]. Hy hie op dat stuit lykwols mar ien broer; syn âlden hienen in eardere soan François, berne [[24 maaie]] [[1829]], tweintich dagen nei de berte ferlern.
 
De famyljenamme wie troch François syn pake, [[Johannes Harmanus]], gearstald út de nammen ''Haver'' en ''Schmidt'', wat mûglik de reden wie dat François dy letter sels skreau as ''HaverSchmidt''. De namme waard lykwols troch de [[boarcherlike stân]] mei lytse s skreaun.
 
== Stúdzje ==
François syn mem Geeske kaam út it dûmnysslachte Bekius. De lytse François wie faak yn [[Damwâld]] te finen, dêr't syn pake François Bekius, nei wa't er neamd wie, dûmny wie. François besleat om de leasten fan syn pake te folgjen. Nei de Latynske Skoalle kaam der by Haverschmidt, wat no depressiviteit hjit, nei foarren. In jier letter waard er ynskreaun oan de teologyske fakulteit yn [[LeyenLeien]]. Yn Leyen waard de 'moderne lear' dosearre. Foar de gefoelige studint Haverschmidt hie dat gefolgen. Hy wie rjochtsinnich grut brocht. Hy smiet dy gefoelens fan him ôf troch him yn it studintelibben te jaan. Dêr hat syn twadde persoanlikheid, Piet Paaltjens, stâl krigen.
 
== Foudgum ==
Rigel 18:
 
== Lettere libben ==
Yn [[1882]] krige er in berop nei [[De Helder]]. Hy hat it oannommen en yn Foudgum is noch ferloofd.
 
Yn [[1894]] hat ds. Haverschmidt, dy't yntusken in berop nei [[Skiedam]] krigen hie, dêr yn in swiere depresje in ein oan syn libben makke.
 
==Bibliografy==